Fryslân yn berop tsjin langer en mear gaswinning by Toppenhuzen
Fryske oerheden gean mei-inoar yn berop tsjin it beslút fan de minister fan Klimaat en Groene Groei dat Vermilion Energy B.V. mear en langer ierdgas winne mei út de fjilden by Toppenhuzen. De minister stimde op 29 septimber 2025 yn mei dit aktualisearre gaswinningsplan. Dit beslút skoot de earder troch Fryslân ynbrochte negative advizen en sjenswizen oan'e kant. Vermilion mei no dus foars mear en langer ierdgas winne by Toppenhuzen.
Nij winningsplan giet út fan foars mear gaswinning
It rinnende winningsplan Toppenhuzen gie derfan út dat sa'n 300 miljoen kúb gas oanwêzich wie en dat dêrfan 20 oant 60 persint wûn wurde soe. Op basis fan it aktualisearre winningsplan ferwachtet Vermilion Energy B.V. no oant 2038 sa'n 676 miljoen kúb ierdgas út de fjilden Toppenhuzen, Oppenhuizen-Zuid en Oppenhuizen-Noord winne te kinnen.
Remco van Maurik, deistich bestjoerslid fan Wetterskip Fryslân: “Fryslân makket him grutte soargen. De minister moat soarchfâldich sjen nei alle belangen dy't der spylje yn dit kwetsbere feangebiet. Ekonomysk belang giet net boppe alles. Mei dit beslút jout de minister de beheinde romte yn it wettersysteem fuort, omdat de boaiem troch de gaswinning ekstra sakket. Dy romte ha we hurd nedich om de gefolgen fan feanoksidaasje, ekstreme delslach en ferdrûging op te fangen. Foar de wetterhúshâlding, natuer en lânbou is eltse sintimeter boaiemdelgong troch gaswinning ien te folle.”
Deputearre Friso Douwstra fan de provinsje Fryslân: "Der is gjin draachflak foar gaswinning yn Fryslân, seker net yn kwetsbere feangreidegebieten. Dochs wurde der nije fergunningen ôfjûn troch de minister, wat ek in foech fan de ryksoerheid is. Neist dat der wûn wurdt floeie der gjin baten nei dêr't it wûn wurdt, dêr bliuwe wy foar striden.."
Wethâlder Henk de Boer fan Súdwest-Fryslân: “It stânpunt fan ús gemeente is dúdlik. Us ynwenners moatte derop fertrouwe kinne dat harren feiligens en libbensomjouwing net yn gefaar komme. Mear gaswinning by Toppenhuzen past dêr net by. Wy wolle foarút sjen en ynvestearje yn duorsume enerzjyboarnen dy’t bydrage oan in takomst sûnder ôfhinklikens fan fossile brânstoffen.”
Wethâlder Remboud fan Iddekinge fan gemeente De Fryske Marren: "It is net te leauwen dat de minister, nettsjinsteande ús mienskiplik soargjen, kiest foar in grutte útwreiding fan gaswinning yn dit kwetsbere gebiet. Den Haach leart neat fan it ferline en makket fan Fryslân in wingebiet. Fryslân draacht de gefolgen, fan boaiemdelgong oant druk op lânbou en natuer, mar sjocht dêr gjin passende kompensaasje tsjinoer stean. Wy freegje om in earlike ôfwaging, wêrby’t net allinnich de gaswinning, mar ek de belangen fan ús ynwenners en it behâld fan dit unike lânskip sintraal steane. Dêrom stypje wy dit berop."
Wetterskip Fryslân tsjinnet it berop yn út namme fan fjouwer Fryske oerheden
Gemeenten Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren, provinsje Fryslân en Wetterskip Fryslân wolle mear en langere gaswinning by Toppenhuzen foarkomme. Se tsjinje dêrom (pro forma) berop yn tsjin it beslút fan de minister. Wetterskip Fryslân is machtige om it berop út namme fan de fjouwer Fryske oerheden yn te tsjinjen. Alle Fryske oerheden wurkje gear yn de saneamde Friese Mijnbouwtafel.
Prosedueres
Yn maaie 2025 tsjinnen de Fryske oerheden tegearre berop yn tsjin de al troch de minister ferliende omjouwingsfergunningen foar de oanlis fan gaspijpliedingen en ekstra boarlokaasjes. Dit berop rint noch by de rjochtbank Noard-Nederlân. Dêr komt dus dizze beropsproseduere by de Ried fan Steat by. Yn juny 2025 tsjinnen de fjouwer Fryske oerheden elk apart in sjenswize yn tsjin it ûntwerp-beslút ta goedkarring fan it nije winningsplan. Tsjin it definitive ynstimmingsbeslút fan de minister wurdt no mienskiplik berop by de Ried fan Steat ynsteld.