Fryslân hat beswier tsjin gaswinningfergunning gebiet Akkrum
Vermilion Energy Netherlands hat fan de minister fan Klimaat en Griene Groei in fergunning krigen foar gaswinning út it gebiet Akkrum. Dit gebiet rint globaal fan Snits oant yn de gemeente Opsterlân. De provinsje Fryslân tsjinnet beswier yn tsjin dit beslút en docht dat mei út namme fan Wetterskip Fryslân en de gemeenten Hearrenfean, Smellingerlân, Eaststellingwerf, Súdwest-Fryslân, Opsterlân en De Fryske Marren. De gemeente Ljouwert tsjinnet sels beswier yn. It wingebiet Akkrum leit ûnder al dizze gemeenten.
De Fryske oerheden hiene yn it foartrajekt al in negatyf advys jûn. Dat hat de minister net genôch meiwoegen. It gebiet Akkrum is in foars wingebiet en leit middenyn feangreidegebiet. Dêrmei is it gebiet per definysje ûngeskikt foar gaswinning.
Fersyk oan minister om ferliende fergunning op 'e nij te besjen en te oerwaagjen
Alle Fryske oerheden binne fertsjintwurdige yn de Fryske Mynboutafel en unanym tsjin gaswinning ûnder lân. De oerheden gripe alle juridyske mooglikheden oan om ynfloed út te oefenjen op plannen en beslútfoarming: sjenswizen, beswier en berop. Foar Akkrum freegje de oerheden de minister no om yn beswier it beslút op 'e nij te besjen en te oerwaagjen. De minister sil in beslút nimme moatte op dit beswier en tsjin dit beslút kinne de oerheden yn berop, dus nei de rjochtbank.
Deputearre Friso Douwstra: “De minister stimt yn mei hieltyd mear gaswinningen yn ús provinsje. Mar de problemen steapelje har wol op. Foaral yn feangreidegebiet dêr't de boaiem sawiesa al sakket, liedt dat ta grûn - en drinkwetterproblemen en beheining fan grûngebrûk foar bygelyks lânbou, wenjen en ekonomy. Dat hat ek gefolgen foar de leefberens. Dêrneist bliuwt it ûndúdlik hoe't skea kompensearre wurdt en oft Rykswinsten út gaswinning ek diels wer yn ús provinsje ynvestearre wurde. Oant no ta is der allinnich sprake fan lêsten en net fan lusten. Ut namme fan hiel Fryslân rop ik de minister dêrom op te hâlden mei winning en gjin wingewest fan ús provinsje te meitsjen.”
Deistich bestjoerslid Remco van Maurik follet oan: "Ook dit gaswingebied ligt pal in het lage midden van Fryslân, een gebied dat cruciaal is om verzilting en verdroging te vertragen. Wordt hier gas gewonnen, dan daalt de bodem en verliezen we als waterschap de marge om de waterpeilen te verhogen. Dat betekent dat we het gebied steeds kwetsbaarder maken voor komende generaties."
Stevige arguminten om beswier oan te tekenjen
Arguminten om de winningsfergunning dochs noch yn syn gehiel fan tafel te heljen binne:
- It advys fan it Steatstafersjoch op 'e Minen is ferâldere;
- It Akkrumgebiet is ûngeskikt foar de winning fan ierdgas, ûnder oare omdat it feangreidegebiet en drinkwetterwingebiet is;
- De perioade fan winning moat ferkoarte wurde; de fergunning wurdt jûn oant 2045 wylst hieltyd dúdliker wurdt dat gaswinning yn feangreide negative effekten hat;
- It wingebiet moat lytser. Vermilion hat oanjaan winnen te wollen út it Oosterboorngasfjild. Dat is mar in fraksje fan it hiele oanfrege wingebiet. Gunning fan it hiele gebiet is ûnnedich. Ek winning yn it Oosterboorngasfjild is net winske.