Fryslân earste provinsje mei plan foar natuerbrânbehearsking
Provinsje Fryslân hat mei de Veiligheidsregio Fryslân, gemeenten en natuerbehearders in plan fêststeld om natuerbrannen better foar te kommen en te behearskjen. Yn it Fries Natuurbrandbeheersingsplan 2025-2029 stiet hoe't partijen gearwurkje om risiko's lytser te meitsjen en gau yngripe te kinnen as der dochs brân útbrekt. It plan bout fierder op it Convenant Natuurbrandbeheersing Fryslân, dat yn 2023 troch njoggentjin partijen ûndertekene waard.
Matthijs de Vries, deputearre provinsje Fryslân: “In natuerbrân hâldt net op by de grins fan in gemeente of natuergebiet. Allinnich troch gear te wurkjen kinne wy Fryslân feilich en leefber hâlde. Mei dit plan lizze wy in stevige basis om ús natuer te beskermjen en fluch te hanneljen as it nedich is.”
Tanimmend risiko troch klimaatferoaring
Troch waarmere en drûgere simmers, yn kombinaasje mei de ôfwikseling mei hiele wiete perioaden, nimt de kâns op natuerbrannen yn Fryslân sterk ta. Sokke brannen kinne grutte skea oanrjochtsje oan natuer, bisten en rekreaasjegebieten, mar ek risiko's opsmite foar doarpen en ynfrastruktuer. Yn Fryslân binne yntusken trettjin risikogebieten oanwiisd, wêrûnder de Fryske Waadeilannen, it Drents-Friese Wold en de Bakkefeanster dunen. Dêr wurde maatregels naam lykas it oanlizzen fan brângongen, it fêsthâlden fan wetter en it oanpassen fan begroeiïng, sadat in natuerbrân better behearskber bliuwt.
Gearwurking as krêft
Yn it Frysk Natuerbrânbehearskingsplan stiet wa't wat docht, hoe't de risiko's oanpakt wurde en hoe't dit finansiere wurdt. Foar de útfiering wurkje de belutsen partijen gear yn in bestjoerlik platfoarm en in regionaal rezjyteam. Sa wurde kennis, ûnderfiningen en middels gau dield, om brannen foar te kommen én om rap te hanneljen by in ynsidint. Yn de simmer fan 2026 folget as útwurking fan it plan noch in dashboard. Mei dêryn in oersjoch fan de risikogebieten, blusfoarsjennings en ynformaasje oer wêr’t brannen west hawwe.
Michiel Schrier, foarsitter Bestuurlijk Platform Natuurbrandbeheersing Fryslân: “In de Friese natuur is het goed wonen en leven. In de buurt van natuurgebieden zijn vaak woningen, maar bijvoorbeeld ook zorginstellingen, scholen en campings te vinden. Een natuurbrand kan grote gevolgen hebben. We werken samen om risico’s te verkleinen, zonder dat dit ten koste gaat van de natuur.”
Earste provinsje mei natuerbrânplan
Fryslân is de earste provinsje dy't in eigen natuerbrânbehearsplan fêststelt. De ûnderfiningen dy't hjir opdien wurde, kinne aanst ek oare provinsjes helpe. Dêrmei leveret Fryslân in wichtige bydrage oan de lanlike oanpak fan natuerbrannen.