Oparbeidzje foar Fryslân. Sa hjit it Bestjoersakkoart 2023-2027 fan BBB, CDA, FNP en ChristenUnie yn Fryslân.

Mei dy titel sizze de partijen dat se yn ‘e mande mei oaren yn en bûten it Provinsjehûs de brede wolfeart yn Fryslân fersterkje wolle. Neist de ynwenners stean en bouwe oan fertrouwen, dat is wat de koälysjepartijen har foarnimme.

Se ynvestearje de kommende jierren yn lânbou en natuer, de wenomjouwing, skjinne enerzjy, wurkgelegenheid en de maatskippij mei al har frijwilligers, ferienings, organisaasjes, doarpen en wiken.

It akkoart stiet woansdei 19 july op de aginda fan Provinsjale Steaten. De Steaten beneame dan ek deputearren. De koälysjepartijen drage fiif kandidaten foar: Femke Wiersma (BBB), Eke Folkerts (BBB), Friso Douwstra (CDA), Sijbe Knol (FNP) en Matthijs de Vries (CU).

Het bestuursakkoord in papieren vorm. Liggen twee exemplaren in het gras