It kolleezje van Deputearre Steaten fan de provinsje Fryslân wol mei in fernijd Iepen Mienskipsfûns 12 miljoen euro ynvestearje yn ‘e Fryske Mienskip. Dat wie it haadboadskip fan deputearre Sijbe Knol by it parsemomint op freed 1 desimber 2023 yn de kantine fan SV Sparta yn Warten.

Earder waard yn it bestjoersakkoart ‘Oparbeidzje foar Fryslân’ al kenber makke dat sy in ferfolch oan it Iepen Mienskipsfûns jaan wolle. It kolleezje wol, mei dit útstel, it fernijde IMF yn de maitiid fan 2024 iepenstelle.

It Iepen Mienskipsfûns

It IMF is in provinsjaal fûns foar ynwenners, stiftings, ferienings en lytse ûndernimmings. It fûns stipet projekten op it mêd fan ûnderwerpen lykas: eveneminten, duorsumens, taal, skiednis, natuer en leefberens. It fûns is bedoeld as stipe foar de Mienskip fan Fryslân, sa’t Fryslân fan ûnderen op noch moaier wurdt.

Fernijd IMF: klam op leefberens, duorsumens en frijwilligers

De kommende fjouwer jier wurdt der yn totaal 12 miljoen euro (3 miljoen it jier) beskikber steld foar it nije fûns. It kolleezje wol ynsette op in tagonklik fûns mei minder administraasjelêst en mear basearre op it betrouwen yn de frijwilligers. It fûns wurdt iepensteld foar alle Friezen dy't bydrage wolle oan in nóch moaier Fryslân. Dêrneist krijt it duorsumer meitsjen fan mienskipsgebouwen in fêst plak yn it fûns. Earder waarden iepenstellings foar it ferduorsumjen fan gebouwen, mei dividint fan Wynpark Fryslân, massaal oerfrege. De provinsje fynt it wichtich dat der ek yn de kommende jierren romte bliuwt foar it ferduorsumjen fan mienskipsgebouwen.

Fryslân Ferbynt

Neist it ferduorsumjen fan maatskiplike gebouwen en it stypjen fan projekten set it kolleezje yn op de saneamde: ‘Fryslan Ferbynt’-dei. Dy dei stiet yn Fryslân stiet yn it ramt fan moetsjen, it dwaan fan frijwilligerswurk en it oanlûken fan frijwilligers. Dêrfoar wol it kolleezje alle jierren jild beskikber stelle foar lytse inisjativen dy't foar ien dei yn juny in bydrage fan €500, - oanfreegje kinne foar in aktiviteit.

Deputearre Sijbe Knol: “Fryslân Ferbynt moat in unike dei foar Fryslan wurde. Wy sjogge dizze dei as in stimulâns om elkoar te moetsjen, de lûken iepen te setten en as ynstelling of sportklup minsken te binen. Ien dei yn it jier dy’t brûst fan de aktiviteiten.”

Op 31 jannewaris wurdt it útstel foar it fernijde IMF fan it kolleezje yn Provinsjale Steaten besprutsen. It hjoeddeiske IMF hat sa'n 900 projekten opsmiten dy't de Mienskip moaier makke hawwe. Doelstelling foar it takomstige IMF is om as provinsjale oerheid noch mear neist de ynwenner te stean en in ynvestearring te dwaan yn de folle breedte foar in leefber Fryslân.