Ferheging subsydzjeplafond Regeling Musea
Mei in ferheging fan €740.700,- fan it subsydzjeplafond foar de subsydzjeregeling Musea (en Keunstynstellingen 2026-2028), komme it Fries Landbouwmuseum en Museum Hindeloopen dochs yn oanmerking foar in provinsjale bydrage. Deputearre Steaten besleat dêrta nei't de advyskommisje Musea witte liet definityf gjin oanfoljend advys út te bringen oer de ûnderlinge rangskikking fan dy musea.
“Mei dit beslút ha we as kolleezje ús ferantwurdlikheid naam en dit probleem oplost”, seit deputearre Sijbe Knol. “Dat is goed nijs foar dizze twa musea, de sektor en foar Fryslân.”
Binnen it earder stelde subsydzjeplafond wie gjin romte om de subsydzje-oanfragen fan museum Hindeloopen én it Fries Landbouwmuseum te honorearjen. Yn har advys liet de advyskommisje Musea witte dat de beide musea ynhâldlik like heech skoarden op de ranglist. Deputearre Steaten hat de advyskommisje frege om in oanfoljend advys út te bringen, de advyskommisje hat dêrop witte litten definityf gjin foarkarskar út te bringen.
Earder wiene al sân Fryske musea fersekere fan provinsjale finansiering. Fiif binne yn de regeling sels. It Fries Museum en it Eise Eisinga Planetarium wiene al wis fan stipe fanút de provinsje.