Fergunning foar ielfiskerij mei hoekwant yn Iselmargebiet
Ferline jier is ûndersyk dien nei de effekten fan ielfiskerij mei hoekwant op beskerme fûgels yn it Iselmargebiet. In hoekwant is in lange fiskline mei dêroan koartere linen mei heaken en aas. It ûndersyk lit sjen dat negative effekten net hielendal út te sluten binne. Dêrom is ielfiskerij mei hoekwant op de Iselmar, Markermeer en yn de Randmeren tenei allinnich noch mei fergunning mooglik. Foar de perioade 2025 oant en mei 2030 krijt de fiskerijsektor in fergunning foar dizze foarm fan ielfiskerij.
De provinsjes* om de Iselmar, Markermar en de Randmeren hinne hawwe yn it fiskseizoen fan 2024 yn gearwurking mei de fiskerijsektor, natuerorganisaasjes, Rykswettersteat en it Ministearje fan LVVN in ûndersyk útfiere litten. Deputearre Matthijs de Vries fan de provinsje Fryslân: “Dat wie nedich om in better byld te krijen fan de effekten fan ielfiskjen mei hoekwant op fûgels, en dêrmei ek op it perspektyf foar de fiskerijsektor as it giet om dizze foarm fan ielfiskjen.”
Resultaten ûndersyk
By it ûndersyk binne ferskate foarsoarchsmaatregels troffen. Sa moast eventuele byfangst oan board hâlden wurde, mochten libjende fisken mei heakken net werom set wurde yn it wetter en moasten fisklinen, ôffal en oar materiaal nei oanwiisde plakken brocht wurde. It ûndersyk liet sjen dat der gjin fûgelslachtoffers falle as ûnder dizze maatregels fiske wurdt. Wol binne haken mei linen fûn yn briedkoloanjes fan ielguozzen op eilân De Kreupel.
Fergunning
De ûndersyksresultaten en mooglikheden foar in fergunning binne besprutsen mei de fiskerijsektor. Dy hat dêrnei in opdracht jûn foar in passende beoardieling en in fergunning oanfrege. De oanfraach lei de ôfrûne perioade op besjen by de provinsje Flevolân en is yntusken takend. De foarsoarchsmaatregels dy't yn it ûndersyk fan tapassing wiene, binne ek yn de fergunning opnommen.
“Samen met de visserijsector, natuurorganisaties en overheden blijven we ons inzetten voor een duurzame en verantwoorde visserij. De bescherming van onze kwetsbare vogelsoorten is daarbij van groot belang, zo ook in het IJsselmeergebied. Door de invoering van een vergunningplicht voor de aalvisserij met hoekwant, kunnen we de impact op deze beschermde soorten beter beheersen en de biodiversiteit in onze gemeenschappelijke wateren waarborgen”, aldus Harold Hofstra, gedeputeerde provincie Flevoland.
Ferlinging Natura 2000-behearplan
Oanlieding foar dit ûndersyk wie it ferlingjen fan it Natura 2000-behearplan foar it Iselmargebiet begjin 2024. Yn dit behearplan steane in tal frijstellingen foar aktiviteiten op en om de Iselmar hinne, wêrûnder foar bepaalde foarmen fan fiskerij. In frijstelling betsjut dat foar dizze aktiviteiten gjin fergunning nedich is. Foar ielfiskerij mei hoekwant jilde dat ek. Omdat it yn de tiid fan de ferlinging net út te sluten wie dat dizze foarm fan ielfiskerij effekten op beskerme fûgels hie - in wichtige betingst foar in frijstelling -, is dy frijstelling ferline jier net mear meinaam yn it behearplan. Foar oare foarmen fan ielfiskerij, bygelyks mei fûken, bliuwe de frijstellingen wol jilden.