Feestlike lansearring mienskipsplatfoarm Stipe.frl
Yn De Bidler yn Wergea is hjoed it nije mienskipsplatfoarm Stipe.frl feestlik lansearre. Stipe.frl is ûntwikkele om de Fryske mienskip te fersterkjen. Brûkers kinne der ûnder oare terjochte foar advys oer subsydzje-oanfragen, frijwilligerswurk, gearwurking mei oare organisaasjes en it dielen fan kennis en ideeën. It platfoarm is bedoeld as helpmiddel foar elkenien dy't him ynset foar syn of har doarp, feriening of inisjatyf.
Fan hjoed ôf kinne ynwenners, ferieningen en stichtingen yn hiel Fryslân terjochte op Stipe.frl, it nije platfoarm dat stipe biedt oan elkenien mei in idee foar syn doarp, buert of wyk. As it giet om it ferduorsumjen fan in doarpshûs, it fersterkjen fan in feriening, it organisearjen fan in kultureel projekt of it oanlûken fan frijwilligers: Stipe.frl bondelet alle ynformaasje, helpmiddels en ûndersteuningspartners op ien plak.
Stipe.frl is ûntwikkele troch it ûndersteuningsnetwurk mienskipsinisjativen, in gearwurkingsferbân fan Provinsje Fryslân, Keunstwurk, Sport Fryslân, Doarpswurk en alle Fryske gemeenten. Mei it platfoarm wolle de partners it foar ynwenners makliker meitsje om harren ideeën foar de Fryske mienskip út te fieren.
“Troch Stipe.frl hoege minsken net langer fan it kastke nei de muorre. Alles is te finen fia ien loket en dat makket it simpelwei ienfâldiger foar de ynwenners,” stelt deputearre Sijbe Knol. “Foar ús, gemeenten, organisaasjes en provinsje, wie it doel dúdlik: minder drompels, mear gemak foar de ynwenners fan Fryslân. En dat is hjirmei wol slagge.”
In sintraal startpunt foar inisjatyfnimmers
Oant no ta moasten inisjatyfnimmers faak sels útsykje wêr't se terjochte koene foar help, advys of subsydzje. Dat koste in soad tiid en soarge bytiden foar ûndúdlikheid. Stipe.frl bringt dêr feroaring yn. It platfoarm biedt ûnder oare:
- in kennisbank mei praktyske ynformaasje oer organisaasje, finansiering en útfiering;
- in oersjoch fan subsydzjeregelingen, fan lokaal oant provinsjaal;
- in projekt-plantool om stap foar stap in plan op te stellen;
- in kontaktformulier dêr ’t brûkers automatysk keppele wurde oan de goede persoan of organisaasje.
Mei dizze kombinaasje fan ynformaasje, praktyske stipe en direkte trochferwizing nei passende partners foarmet Stipe.frl in werkenber en tagonklik startpunt foar elkenien dy’t graach oan ’e slach wol.
Sterke gearwurking efter de skermen
Achter Stipe.frl stiet in breed netwurk fan organisaasjes dat him ynset foar leefberens, frijwilligerswurk, sport, kultuer en doarpsûntwikkeling. Troch har kennis en stipe te bondeljen, hoopje se dat mear ynwenners harren ideeën realisearje kinne.