Wolst witte oft der fakatueres by de provinsje binne? Folgje ús dan op Twitter of LinkedIn, dan bist altyd as earste op ‘e hichte.

Wurkje by de provinsje Fryslân

Sikest in baan by in maatskiplik belutsen en boeiende organisaasje? Wurkje by de provinsje Fryslân is dan faaks wat foar dy. Wurkje by de provinsje Fryslân betsjut wurkje by in útsprutsen organisaasje. Yn ‘e mande mei kollega’s helpst mei oan de takomst fan in moaie wenkrite en in noflik wurkfermidden. De provinsje Fryslân is in organisaasje dy’t in soad omtinken hat foar de persoanlike ûntjouwing fan de eigen wurknimmers. Meiwurkers krije mooglikheden om troch te groeien en karriêre te meitsjen by de provinsje. De sfear is ynformeel en persoanlik.

Iepen sollisitaasjes

Wannear’t der gjin fakatueres fakant binne, dan kinst altyd in iepen sollisitaasje stjoere. Om dy sa goed mooglik helpe te kinnen, soene wy dy freegje wolle om fan de bygeande sollisitaasjelink gebrûk te meitsjen. Dan krijst binnen tsien minuten in befêstiging fan ûntfangst en al dyn ynformaasje wurdt fuortdaliks yn portefúlje opslein. Skriftlike sollisitaasjes wurde om foargeande redenen net yn behanneling nommen.

Iepen sollisitaasje stjoere

Trainee wurde?

Bist klear mei dyn stúdzje en wolst fuortdalik it ferskil meitsje? Hast noch nea tocht oan in baan by de provinsje, mar wol oan in traineeship? Lês dan fierder, want dit is dyn kâns!

Trainee foar Fryslân

Staazje rinne?

Bist op syk nei in staazjeplak of ôfstudearopdracht? Wy biede ûnderskate mooglikheden oan studinten om harren teoretyske kennis yn de praktyk ta te passen. By ús krigest de mooglikheid om ûnder begelieding ûnderfining op te dwaan of in ôfstudearopdracht út te fieren.

Sjoch op it organogram en kies hokker ôfdieling it bêste by dyn stúdzje oanslút. Meitsje dêryn in dúdlike kar en folje it staazjeformulier fia ûndersteande knop yn. Foar in goede ôfhanneling is it fierder wichtich datst yn dit formulier dyn motivaasje oanjoust, wêrom ast by dizze ôfdieling staazje rinne wolst, hokker oplieding ast folgest, yn hokker learjier ast sitst, wat dyn leardoelen binne en yn hokker perioade ast beskikber bist. Mochtst oer dyn staazjefersyk kontakt hân hawwe mei ien fan ús meiwurkers, folje dan dizze namme yn op it formulier. Do krigest dêrfan in ûntfangstbefêstiging en wy stribje dernei datst binnen 2 wike antwurd op dyn staazjefersyk krigest.

Staazje rinne