De enerzjyprizen geane omheech, de kranten steane bol oer enerzjy, it klimaat en de oprop om nó yn aksje te kommen. Wolle jo minder enerzjyferbrûke? Hawwe jo soargen oer jo enerzjyrekken no't de prizen sa omheech gean? Of miskien binne jo al hiel sunich mei jo enerzjy en wolle jo no graach stappen sette om jo hûs te ferduorsumjen, mar witte jo net wêr te begjinnen?

Yn Fryslân ha we in netwurk fan mear as 100 enerzjycoaches en enerzjyadviseurs, mei it Enerzjyteam Fryslân. Gemeenten, enerzjy koöperaasjes, biblioteken en wenningboukorporaasjes soargje mei-inoar dat al dizze enerzjybegelieding op fuotten is en ynset wurde kin. Sy hawwe as missy om elkenien sa goed mooglik te helpen. Dus wolle jo oan 'e slach mei jo fraachstik, sykje jo enerzjybegelieder fia de gemeente.

Mei-inoar nei in duorsum Fryslân

Wy steane foar in wichtige en grutte opjefte wat it heljen fan ’e reduksjedoelstellings, dy’t fuortkommen binne út it klimaatakkoart, oanbelanget. Yn 2040 moat 66% fan ’e enerzjy yn Fryslân duorsum opwekt wêze en moatte likernôch 150.000 wenningen (de helte fan alle wenningen yn ’e provinsje) fan it ierdgas ôf wêze.

It doel fan it netwurk Enerzjyteam Fryslân is om kennis en ûnderfining te dielen en inoar te ynspirearjen om mei it ynsetten fan enerzjycoaches en -adviseurs de Friezen te helpen by it finen fan oplossings om harren hûs te ferduorsumjen. Behalve it stimulearjen fan it besparjen fan enerzjy draacht soks by oan it kreëarjen fan it bewustwurden en draachflak, it ferleegjen fan wenlêsten, it ferheegjen fan wenkomfort en it ferminderjen fan ’e CO2-útstjit.

Oan de slach

De enerzjybegelieder makket in ôfspraak mei jo en gean mei jo oan de slach om de goede antwurden te finen, aksje te ûndernimmen, sadat...

  • jo minder enerzjy ferbrûke
  • mear grip krije op jo enerzjyrekken
  • oan de slach kinne mei jo wenning
  • jo kinne isolearje
  • jo kinne en jo witte hokker regelingen der foar jo geskikt binne
  • jo CV better ynregele wurdt en minder gas ferbrûkt

# iedereendoetwat

Samen nei in duorsum Fryslân. We hawwe mei inoar yn in in klimaatakkoart ôfpraat dat we ferduorsamje sille en dat slagget allinich as we allegear yn beweging komme. Dan geane we stadichoan nei ús doel om yn 2040 66% fan de enerzjy duorsum op te wekken en is de helte fan alle Fryske wenten (150.000) fan it ierdgas ôf.

It doel fan it netwurk Enerzjyteam Fryslân is om kennis en ûnderfining te dielen en inoar te ynspirearjen om mei de ynset fan enerzjycoaches en - adviseurs alle Friezen te helpen by it finen fan oplossings om harren hûs te ferduorsumjen. Dit draacht by oan it ferleegjen fan wenlêsten, it ferheegjen fan wenkomfort en it ferminderjen fan de CO2-útstjit.

Oanslute by it netwurk en oft freegje of suggestjes?

Binne jo enerzjycoach of adviseur en wolle jo jo oanslute by it Enerzjyteam Fryslân? Of wolle jo enerzjycoach of adviseur wurde? Binne jo oars belutsen by enerzjybesparring of earmoedebestriding en sjogge jo kânsen foar it Enerzjyteam Fryslân? Folje it formulier yn om oan te sluten of de fraach te stellen.

Hawwe jo problemen mei it lêzen, begripen of brûken fan ynformaasje yn it rapport monitoring effekten en resultaten fan enerzjybegelieding of it rapport in provinsjebreed wurkjend team fan enerzjycoaches ûnderoan dizze side? Meitsje dan in tagonklikheidsmelding fia it formulier op dizze side.

Op ’e hichte bliuwe

Wolle jo belutsen bliuwe by Enerzjyteam Fryslân, folgje ús dan fia LinkedIn: (1) Enerzjyteam Fryslân: Posts | LinkedIn (eksterne keppeling)