DS jout earste rjochting oan romtlike karren

It kolleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslân hat de Contourenschets foar de Omgevingsvisie fêststeld. Dêrmei set de provinsje de earste stevige stap rjochting dúdlike romtlike karren foar de takomst. Want de romte yn Fryslân is beheind en de opjeften binne grut. It kolleezje kiest foar gearhing, kwaliteit en in koersfêst bestjoer. Klear foar de takomst dus, mei sterke stêden en doarpen, in krêftich lânskip en romte foar lânbou, natuer, enerzjy én ekonomy.

De kontoerenskets foarmet de opmaat nei de nije Provinciale Omgevingsvisie (POVI), dy't medio 2026 foarlein wurdt oan Provinsjale Steaten. Deputearre Sijbe Knol neamt mei klam it belang fan dizze koers:  “Wy steane foar fûnemintele karren. As we alles los fan inoar oplosse, hawwe we hast twa kear Fryslân nedich. Dy romte is der net. Dêrom meitsje wy no de stap nei gearhingjende, yntegrale karren.”

Ynhâldlike bewegingen 

De kontoerenskets jout rjochting oan hoe't Fryslân omgiet mei de grutte romtlike opjeften fan dizze tiid. It kolleezje set dêrby yn op trije gearhingjende bewegingen. De earste giet oer de balâns tusken lânbou en natuer yn in lânskip dat wearberder wurdt tsjin klimaatferoaring. De twadde beweging rjochtet him op de oergong nei in fossylfrije en sirkulêre mienskip, mei each foar enerzjyfoarsjenning en selsredsumens. Dêrby is romte foar tydlike oplossingen, sûnder de langere termyn út it each te ferliezen. De tredde draait om sterke stêden en doarpen, mei romte foar wenjen, wurkjen en ekonomyske ûntwikkeling. Allegearre yn gearhing mei in werkenber en fitaal Frysk lânskip. “En dit alles sûnder it werkenbere Fryske lânskip út it each te ferliezen. Dus romte meitsje foar de takomst, sûnder te brekken mei wat Fryslân bysûnder makket,” sa seit Knol.

Leefomjouwingsfoto 

De karren yn de kontoerenskets binne basearre op de meast aktuele ‘Leefomjouwingsfoto’, wêryn't de fysike, sosjale en ekologyske steat fan Fryslân yn byld brocht is. Ut de earste beoardieling docht bliken dat de foarstelde koers op in soad fronten bydraacht oan in ferbettere leefomjouwing, mei positive effekten. De kontoereskets fersterket it lykwicht tusken lânbou en natuer, helpt Fryslân klimaatbestindiger te wurden en set stappen rjochting in sirkulêre, fossylfrije mienskip. Ek de leefberens fan stêden en doarpen bliuwt oerein: der binne amper negative effekten en op meardere punten ferdwine risiko's op efterútgong sels hielendal.

Ta beslút 

De kontoerenskets is gjin einpunt, mar in rjochtingjouwend ramt foar de (ûntwerp) omjouwingsfisy. De kommende moannen wurkje wy oan de ûntwerpferzje fan de nije Omgevingsvisie. Dêrby wurde gemeenten, maatskiplike partners, ynwenners en oare belanghawwenden nau belutsen yn in soarchfâldich partisipaasjeproses.