Jo fine hjir, foar elk fearnsjier apart, de deklaraasjes fan de leden fan Deputearre Steaten dy't hja op grûn fan harren funksje as fertsjintwurdiger fan de provinsje Fryslân meitsje. De útjeften / deklaraasjes fan de leden fan Deputearre Steaten binne op de neikommende beide manieren yn de administraasje fan de provinsje Fryslân fêstlein.

Faktueren

De kommissaris fan de Kening en Deputearre Steaten hawwe mei de leveransier ôfpraat dat faktueren streekrjocht nei de provinsje stjoerd wurde. De provinsje betellet - nei toetsing - op grûn fan de faktuer.

Ôfrekken fan de creditcard

De deputearren hawwe in troch de provinsje beskikber stelde creditcard.

Troch boppesteande manearen kinne leden fan Deputearre Steaten ûnder oare de reis- en ferbliuwskosten dy’t mei tsjinstreizen yn Nederlân en it bûtenlân gearhingje deklarearje. Jo kinne dan tinke oan relaasjegeskinken, represintaasje, besprekkings en gearkomsten, saaklike jeften, prizen ûntfangsten en oare represintaasjekosten, foar safier’t dy net ûnder de amtstaslach of ûnkostefergoeding falle.