Troch klimaatferoaring, seespegelstiging en boaiemdelgong nimt de kâns op oerstreamingen, wetteroerlêst, drûchteskea, hjittestress en fersilting ta. Yn twa animaasjes lizze Wetterskip Fryslân en provinsje Fryslân út hoe 't we yn de twadde helte fan dizze iuw noch goed wenje, wurkje en rekreëarje kinne yn Fryslân en it Grinzer Westerkwartier.

Yn de animaasjes - te sjen op de webside fan Fryslân Klimaatbestendig - wurde de takomstige útdagingen foar it Fryske wetter - en boaiemsysteem útlein. De animaasjes litte sjen hokker fisy Wetterskip Fryslân en provinsje Fryslân (FK2050) hawwe foar in klimaatbestindige regio dêr 't wetter en boaiem stjoerend yn binne yn de romtlike ynrjochting. Dit freget om maatwurk per dielgebiet: de feangrûnen, klaaigrûnen, sângrûnen, Waadeilannen en it beboud gebiet kenne allegearre eigen útdagings en mooglike oplossingen.

Deputearre Friso Douwstra: ”Dizze animaasjes litte op ienfâldige wize sjen hokker swierrichheden wy temjitte gean op it mêd fan wetteroerlêst en drûchte at we neat dogge. It is hiel wichtich om mei mekoar te wurkjen oan in klimaatbestendich Fryslân.”

Fan fyzje oant animaasje en útfiering 

Yn de animaasjes wurdt in driuwende oprop dien oan elkenien om mei te wurkjen oan needsaaklike feroaringen. It útwurkjen fan de maatregels bart gear mei belutsen partijen yn de gebieten.

Dagelijks Bestuurder Cees Pieter van Burgsteden fan Wetterskip Fryslân: ”De animaties geven een goed inzicht in de ontwikkeling van het watersysteem in Fryslân in de komende vijftig tot honderd jaar. Ze helpen ons om als samenleving slimme keuzes maken voor de toekomstige inrichting van Fryslân.”