Gebietsûntwikkeling De Sintrale As
Sûnt 2016 is dûbelbaans autodyk De Sintrale As (N361) yn gebrûk. Dit is in 22 kilometer lange dyk tusken Dokkum en Nyegea. Tûzenen automobilisten meitsje alle dagen gebrûk fan de dyk. Dêrmei is der foars minder trochgeand ferkear troch doarpen as Damwâld, De Falom, Feanwâlden, Hurdegaryp, Burgum en Garyp. De dyk soarget foar minder oerlêst en ferkearsûnfeilige situaasjes yn doarpen en foar in bettere berikberens fan Noardeast-Fryslân.
De oanlis fan de autodyk hie gefolgen foar de omkriten. Dêrom hawwe wy, mei Gebietsûntwikkelingskommisje De Sintrale As, plannen makke om de natuer, it lânskip en de leefberens yn it gebiet te ferbetterjen. Tink oan it ferbinen fan natuergebieten, werstel fan elzesingels, ferbetterjen fan de lânboustruktuer en de oanlis fan fyts -, kuier - en ruterpaden.
De ôfrûne jierren binne der al in soad projekten ôfsletten. Op dizze side lêze jo mear oer de gebietsûntwikkelingsprojekten dy't op dit stuit noch yn útfiering binne of pland. Wolle jo op'e hichte bliuwe fan de ûntjouwingen binnen dy projekten? Folgje ús dan op Facebook.
Partners van de gebiedsontwikkeling De Centrale As zijn onder andere gemeente Noardeast-Fryslân, gemeente Tytsjerksteradiel, gemeente Dantumadiel, de dorpsbelangen in het gebied, Staatsbosbeheer, It Wetterskip en It Fryske Gea. .
De natuer fersterkje
Yn noardeast-Fryslân lizze in tal wichtige grutte natuergebieten. Dit binne de gebieten de Burgumer Mar - de Leijen en Natura 2000 - gebieten de Grutte Wielen, de Alde Feanen en de Lauwersmar. Dy gebieten binne oan elkoar ferbûn troch lytsere natuergebieten. Al dizze natuergebieten meitsje diel út fan it Natuurnetwerk Nederland (NNN).
It doel is om de ferbining sterker te meitsjen en obstakels fuort te heljen, sadat bisten harren better tusken dy natuergebieten ferpleatse kinne. De obstakels binne bygelyks spoarferbinings en diken dy't bisten oerstekke moatte (lykas De Sintrale As), ferskillen yn wetterpeilen en hurde kades. We meitsje de ferbining sterker troch ekstra natuer oan te lizzen, sadat der by de ferbining foldwaande 'stapstiennen' binne. In stapstien is in gebiet dat grut genôch is foar bisten om tydlik te ferbliuwen, rêste of sels langer te bliuwen. We helje de obstakels fuort troch faunapassaazjes by diken en wetter oan te lizzen. Tink bygelyks oan brêgen, faunabuize en rinplanken.
Yn útfiering
It Nijdjip: Mear romte foar natuer, bisten en wetter
It Nijdjip is in wetterferbining tusken Natura 2000-gebieten de Grutte Wielen en de Alde Feanen. Oer in lingte fan fiif kilometer hawwe wy de natuer ferbettere, troch moeras en natuerfreonlike wâlen oan te lizzen. In natuerfreonlike wâl is in sône mei ûndjip wetter dêr't wetterplanten goed yn groeie kinne en fisken skûlje en aaie ridzje kinne.
It súdlike part fan it trajekt makket diel út fan de Fryske Boezem, it oaniensletten stelsel fan kanalen en marren yn Fryslân. Lâns dat súdlike part hat Wetterskip Fryslân de wetterkearingen op hichte brocht. Hjirtroch is it njonkenlizzende lânbougebiet yn de takomst better beskerme by heech wetter.
It projekt is in gearwurking fan provinsje Fryslân en Wetterskip Fryslân en is finansjeel mooglik makke troch it Europeeske Lânboufûns foar plattelânsûntwikkeling (ELFPO). Yn 2025 gongen slute wey de lêste wurksumheden ôf.



Garyp: Kuierpaden yn âlde eare werombringewerstelle
Doarpsbewenners, gemeente en partikulieren seagen dat de kuierpaden yn it gebiet ferbettere en útwreide waarden om mear fan it lânskip en de natuer genietsje te kinnen. Dêrom hawwe wy twa nije kuierpaden oanlein mei in lingte fan totaal goed 3500 meter. By oplevering binne de paden oerdroegen yn eigendom, behear en ûnderhâld nei de gemeente Tytsjerksteradiel. It giet om:
- In kuierpaad fan 1350 meter tusken de Inialoane en Westerein. Dit ûnferhurde learzepaad is 6.5 meter breed en rint fia de Miensker lâns de haadwettergongen fan Wetterskip Fryslân, tusken de Inialoane en Mounehoek.
- In ûnferhurde kuierpaad fan 2170 meter tusken de Gravneloane, de Easterein en de Stinswei. It paad rint fia boskstroken fan Steatsboskbehear.
Takomstige projekten
De Lits: in bettere ferbining foar minske en bist

Rivier de Lits rint tusken de Burgumer Mar en de Leijen. Wy wolle de ferbining tusken dy natuergebieten fersterkje. Troch de bebouwing by de brêge yn de Sumarderwei is it foar bisten dreech om de dyk te passearjen. Dêrom komt der in passaazje foar bisten, njonken it gebiet en ûnder de dyk troch. Ek ferheegje wy it wetterpeil yn it gebiet. Sa ûntstiet der nije sompenatuer. Dêrneist wolle wye in kuierpaad oanlizze, wêrtroch't in kuierferbining ûntstiet fan De Leijen ôf nei Sumar ta. It is noch net bekend wannear't de wurksumheden úteinsette.
It plan is in gearwurking tusken provinsje Fryslân, gemeente Tytsjerksteradiel, Stichting Rom Paad, maatskip Atsma fan Eastermar en Steatsboskbehear.
Goddeleaze Singel: natuer tusken Houtwiel - Falom en de Burgumer Mar - de Leijen
De Goddeleaze Singel is in wichtich ferbliuwplak foar bisten lykas de otter. It gebiet leit tusken de Houtwiel - Falom en de Burgumer Mar - de Leijen. Ek hjir fersterkje wy de natuerferbining. Foar in grut part is dit al klear. Wy hawwe it wetterpeil ferhege sadat it gebiet wieter wurdt en der sompenatuer ûntstiet. Der is in faunapassaazje kaam dêr't De Sintrale As it wetter krúst. Ek hawwe wy op ferskate plakken rasters stekken pleatst om bisten feilich te lieden.
It súdlike part fan de Goddeleaze Singel rint lâns de spoarwei by Kûkherne en slút oan op de Nije Feart (Swimmer). Ek hjir sille wy it gebiet wieter meitsje. Wy meitsje tûk gebrûk fan alle lytse perselen en sleatten yn 'e omkriten. Sa kinne wy mei lytse yngrepen in grut effekt helje. De grûn dy't nedich is, binne is noch net allegearre ferwurven yn ús besit. It is noch net bekend wannear't de lêste wurksumheden úteinsette.
Fonejachtbrêge: in alternative rûte foar bisten
Bisten dy't har ferpleatse tusken de Grutte Wielen en de Alde Feanen komme faak lâns de Fonejachtbrêge. Dizze brêge en de hurde kaden binne foar de bisten in gefaarlike oerstek. Dêrom wolle wy yn de earmsholte fan it Van Harinxmakanaal en it Prinses Margrietkanaal in alternative rûte oanlizze. Dêrfoar rjochtsje wy in sompegebiet yn en meitsje wy in tal plakken dêr't bisten maklik yn en út it kanaal komme kinne. Wy slute dit gebiet oan op de passaazje ûnder de Wâldwei fierderop yn it westen. Om mei dit wurk starte te kinnen, is it earst nedich om grûn oer te keapjen. It is noch net bekend wannear't wy úteinsette.
Prinses Margrietkanaal Burgum: in feiliger plak foar bisten
Foar bisten dy't har ferpleatse tusken de Alde Feanen en de Burgumermar-Leijen, is it Prinses Margrietkanaal op'e hichte fan Burgum in gefaarlik plak. Troch de lingte fan it kanaal en de hurde kaden kinne bisten net maklik út it wetter komme en dêrtroch wurch reitsje of sels ferdrinke. Dêrom wolle wy op ferskate plekken lâns it kanaal yn- en útstapplakken meitsje. Ek wolle wy natuerfreonlike wâlskanten oanlizze en beplanting oanbringe tusken de bebouwing. Sa is der genôch romte foar bisten om út te rêsten en te skûljen.
Der komt by dizze maatregels hiel wat oan te pas, om't de bedriuwen lâns it kanaal lade en losse kinne moatte. It kanaal wurdt drok befearn troch grutte skippen, wêrtroch't der strange easken binne foar de wâlbeskerming. It is noch net bekend wannear't de wurksumheden úteinsette.
Kontakt
Hawwe jo fragen oer gebietsûntwikkeling De Centrale As? Dan kinne jo it Klantkontaktsintrum fan de provinsje Fryslân telefoanysk berikke op telefoannûmer 058 - 292 59 25, of in mail stjoere nei provincie@fryslan.frl.