Kollega Daan Bultje is ien fan de Fryske Flekspoolers fan de earste oere en al lange tiid maatskiplik belutsen: “By myn stúdzje waard ik keazen yn Provinsjale Steaten, dêr't ik 8 jier ferskillende dossiers dwaan mocht ha. Ek wurke ik ûnder oare foar VNO-NCW Noard, it UMCG en wie ik foardat ik by de Fryske Flekspool begûn 9 jier lang direkteur fan it Healthy Ageing Netwerk Noord-Nederland.

Tiid foar in moaie nije stap

Nei 15 jier dwaande west te hawwen mei 1 ûnderwerp, woe ik wolris sjen oft ik ek út de fuotten koe mei oare dossiers. Wat my oanspruts yn FFP is dat ik mei ferskate projekten oan de slach koe, rjochte op maatskiplike útdagingen.

Myn earste put hie dy yngrediïnten wis: programmamanager Stikstof by de provinsje Fryslân, mei as opdracht om it programmateam stikstof te ferbreedzjen nei in ekspertteam Lanlik Gebiet. Dus ik hâld my ek dwaande mei it ta stân kommen fan it Frysk Programma Lanlik Gebiet (FPLG).

Alle dagen wer oars

Ik ha in ôfgryslik soad wille yn myn wurk foar de Fryske Flekspool. Oan 'e iene kant kin ik selsstannich oan 'e slach mei de ynhâld, mar ik bin wol ûnderdiel fan in team kollega's dy't op deselde wize wurket by oerheden yn Fryslân. Ik fyn it leuk dat wy allegearre wurkje oan maatskiplik tige relevante ûnderwerpen en dat ik dêrtroch maklik dwersferbannen lizze kin mei kollega's dy 't op hiele oare ûnderwerpen sitte, mar dêr't wol oerlape sit.

De Fryske Flekspool: in dúdlike tafoege wearde

FFP foarsjocht dúdlik yn in ferlet en spilet yn op it feit dat in soad programma's en útdagingen it nivo fan ien oerheid oerstiicht. Je hawwe dus minsken nedich dy't oer de ferskillende sketten sjen kinne en foar gearhing soargje. Ik ferwachtsje dêrom dat it team úteinlik noch wol wat grutter wurde sil en it wurk noch nijsgjirriger."