Bysûnder programma op Noordelijk Film Festival foar befoarderjen films út lytse taalgebieten

LEEUWARDEN Op it Noordelijk Film Festival (NoFF) is alle jierren al in soad omtinken foar films en produksjes út lytse taalgebieten. De kommende edysje wurdt dat ekstra beklamme troch in dielprogramma dat yn gearwurking mei it Network to Promote Linguistic Diversity (NPLD) en Provinsje Fryslân opsteld is. 

Yn Post-Plaza Hotel & Grand Café, ien fan de lokaasjes fan it NoFF, komme eksperts en filmmakkers út lytse taalgebieten fanút hiel Europa op tongersdei en freed byinoar om ûnder oare lêzingen en panelpetearen by te wenjen.

'Unike gearwurking'

“Dit is een unieke samenwerking die het hele Noordelijke filmklimaat ten goede komt", seit Hester Terpstra, Direkteur-Bestjoerder fan de Stichting Film in Friesland. “Het is bedoeld voor het behoud en bevorderen van kleine talen. We zijn daarvoor door de provincie benaderd en hebben samen met hen en het NPLD een programma opgesteld.” 

"Normaal hebben we al veel aandacht voor films en makers uit kleine taalgebieden, maar nu trekken we dat nog breder", giet se fierder. "We hopen hiermee dat netwerken worden uitgebreid en contacten gelegd om zo het maken van films in kleine talen een boost te geven. ” 

Fersterken taalferskaat yn kreative sektor 

Deputearre Eke Folkerts fan Provinsje Fryslân: “As provinsje fine wy it wichtich dat it Frysk en oare lytse talen net allinnich sprutsen wurde, mar ek ferbylde wurde. Fryslân biedt mei dit festival it poadium oan ferhalen út lytse taalgebieten en lit sjen dat regionale talen thúshearre yn de Europeeske filmwrâld. Dêrmei fersterkje wy de posysje fan taalferskaat yn ’e kreative sektor.” 

Besikers en sprekkers komme ûnder mear út Baskelân, Ierlân, Faeröer en Wales. Se diele best practices, it giet oer de impact fan regionale film op toerisme en ôffurdigen fan streamingstsjinsten jouwe harren kyk op films út lytse taalgebieten. 

Kentering 

Joris Hoebe, kertiermakker fan it Frysk Film Fûns en mei-oprjochter fan New Noardic Wave, it grutste filmmakkers-netwurk fan Noard-Nederlân, is ien fan de sprekkers. Hy sjocht in kentering as it giet om produksjes út lytse taalgebieten. "Vijf tot tien jaar geleden werd dit nog gezien als een zwakte, maar de afgelopen jaren wordt juist de kracht van bijvoorbeeld Gaelic, Sámi, Limburgs én Fries ontdekt. Troch mei-inoar kennis en ûnderfiningen út te wikseljen, wurdt dat allinnich mar sterker. ” 

Hy giet fierder: “Het Noordelijk Film Festival positioneert zich op een mooie manier als het festival voor films uit kleine taalgebieden. Door zo’n helder thema te kiezen en daar gasten bij uit te nodigen, zijn we hier in Leeuwarden het centrum geworden waar filmmakkers en producenten met elkaar in contact komen en samen nieuwe projecten ontwikkelen. Dat is de wens: kijken hoe we elkaar als kleine taalgebieden kunnen versterken, want we willen meer films in onze eigen talen maken.”

It Noordelijk Film Festival is dit jier fan 5 oant en mei 9 novimber. It folsleine programma is te finen op www.noordelijkfilmfestival.nl.