Boargemastersproseduere Dantumadiel foarearst stopset
De proseduere foar in nije Kroanbeneamde boargemaster yn Dantumadiel is staakt. Nei sluting fan de sollisitaasjetermyn hat bliken dien dat de proseduere oant no ta ûnfoldwaande geskikte kandidaten opsmiten hat. Kommissaris fan de Kening drs. A.A.M. Brok hat yn goed oerlis mei de betrouwenskommisje fan Dantumadiel besletten de proseduere foarearst stop te setten en de minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes te freegjen dizze op’e nij iepen te stellen nei de gemeenteriedsferkiezings takom jier.
De kommissaris fan de Kening tinkt dat de resinte politike sitewaasje yn Dantumadiel net in posityf effekt hân hat op it tal kandidaten. Lykas bekind wie der yn de wike nei de iepenstelling fan de fakatuere in bestjoerskrisis yn de gemeente.
It is foar it earst sûnt 2015, doe gie it om Flylân, dat der net genôch geskikte kandidaten binne en dat de boargemastersproseduere stillein wurde moat. It betsjut dat Dantumadiel op syn betiidst ein takom jier in Kroanbeneamde boargemaster krije sil, in jier letter as de planning wie. Nei de gemeenteriedsferkiezingen sil besjoen wurde wannear’t de fakatuere wer iepensteld wurde sil.
Waarnimmend boargemaster Anja Haga sil oanbliuwe oant de komst fan in Kroanbeneamde boargemaster. Dit wie ek al de bedoeling, allinnich bliuwt hja no dus in jier langer as earder foarsjoen wie. De kommissaris fan de Kening en de betrouwenskommisje fan Dantumadiel binne bliid dat Haga langer bliuwe wol. Haga waard yn novimber ferline jier ynstallearre as tydlik opfolger fan Klaas Agricola, dy’t waarnimmer wurden wie fan de Fryske Marren.
De minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes is, sa as te dwaan gebrûklik, foarôfgeand op de hichte brocht fan de sitewaasje.