Beslutelist Deputearre Steaten 9 septimber 2025
1. Ferheging subsydzjeplafond subsydzjeregeling Musea
Mei in ferheging fan €740.700,- fan it subsydzjeplafond foar de subsydzjeregeling Musea en keunstynstellingen 2020-2028, komme it Fries Landbouw Museum en Museum Hindeloopen dochs yn oanmerking foar in provinsjale bydrage. Deputearre Steaten besleat dêrta nei't de Advyskommisje Musea witte liet definityf gjin oanfoljend advys út te bringen oer de ûnderlinge rangskikking fan dy musea.