1. Maatregelpakketten yntsjinne by Ryk 

De provinsje Fryslân hopet noch dit jier nije stappen sette te kinnen op it mêd fan ûnder oare stikstof en natuer. Dêrfoar binne fjouwer fernijde Maatregelpakketten yntsjinne by it Ryk. Mei de pakketten wurdt oanspraak makke op de goed 150 miljoen euro dy't Fryslân yn it foarútsjoch steld is. Ien fan de foarstellen is it stimulearjen fan ynvestearringen om de stikstofútstjit fan yndividuele boerebedriuwen te ferminderjen. Oare foarstellen gean bygelyks oer it útfieren fan de Fryske Bomen- en Bossenstrategy en it fierder wurkjen oan it Fryske Feangreideprogramma. De yntsjinne foarstellen slute oan by besteand provinsjaal belied.

2. Foarstel foar it taheakjen fan lytsskalige maatregels yn it programma Ynfrastrukturele ferkearsfeilichheidsmaatregels 

Deputearre Steaten hat besletten om yn te stimmen mei in ynvestearringsfoarstel foar fiif ferkearsfeilichheidsknelpunten. It giet om in totaalbedrach fan € 300.000, - foar de folgjende projekten: 

  • N359 ôfslach Koudum 
  • N359 ôfslach Hylpen 
  • N361 Trynwâlden: beboude kommen 
  • N369 Rottefalle, N355 Swartkrús en Quatrebras: bermmaatregels 
  • N393 Easterbierrum en Seisbierrum: beboude kommen 

By de fêststelling fan it Utfieringsprogramma Ferkear en Ferfier 2023 is de mooglikheid opnommen om lytsskalige knyppunten by provinsjale diken op te fieren.