Beslutelist Deputearre Steaten 8 july 2025
1. Provinsje Fryslân leit Qbuzz boete op oer resultaten earste fearnsjier
It kolleezje fan Deputearre Steaten hat besletten om Qbuzz in boete op te lizzen fan goed € 1 miljoen euro. Ut de rapportaazje fan it earste fearnsjier docht bliken dat Qbuzz de ôfsprutsen prestaasjes op benammen punktualiteit, ritútfal en krekte ynset fan materieel net helle hat. De provinsje is opdrachtjouwer fan de konsesje busferfier Fryslân, dy't op 15 desimber 2024 úteinset is foar in perioade fan 10 jier. By it útfieren moat Qbuzz de yn't foar ôfprate prestaasjes helje en dêr elk fearnsjier oer rapportearje. No't de earste kwartaalsifers publisearre binne hat de provinsje Fryslân besletten om konform de boeteregeling in boete op te lizzen oan Qbuzz oer it earste fearnsjier.
2. Utfieringsaginda Lânbou ‘Noflik Buorkje yn Fryslân’ 2020-2030
DS hat de Utfieringsaginda Lânbou ‘Noflik Buorkje yn Fryslân’ 2021-2030 fêststeld. Dy aginda foarmet de konkrete útwurking fan it earder troch Provinsjale Steaten fêststelde lânboubelied. Foar de útfiering is in budzjet fan €1,7 miljoen beskikber steld oant en mei 2027. Sintrale tema’s yn de aginda binne: it fertsjinfermogen fan boeren, feilich en genôch iten, betrouwen yn ynnovaasje, soarchfâldich grûngebrûk, boaiem- en wetterkwaliteit, biodiversiteit, it sluten fan kringlopen, fersterking fan de agrofoodsektor en it Fryske kennisnetwurk. Yn bedriuwsfiering, fan hightech oant natuer ynklusyf en multyfunksjoneel, foarmet de basis foar in fearkrêftige lânbousektor. De aginda is ta stân kaam yn gearwurking mei ûnder oare boeren, belange-organisaasjes, kennisynstellingen, mei-oerheden.
3. 2,2 miljoen foar ferkenning elektrifikaasje Fryske spoarlinen
De provinsje Fryslân hat €2,2 miljoen beskikber steld foar it ferkennen fan in parsjele elektrifikaasje fan de Fryske spoarlinen. It giet om in ferkenning foar it ride litten fan batterijtreinen op it trajekt Ljouwert-Harns Haven en Ljouwert-Starum. De ferkenning, dy't troch ProRail útfierd wurde sil, moat mear ynsjoch jaan yn nedige maatregels, kosten, risiko's en planning foar de realisaasje fan de nedige ynfrastruktuer op neamde trajekten. De ferkenning sil sa'n twa jier duorje.
4. Fêststelling plannen fan aanpak Regio Deal Noardwest-Fryslân
DS en de Bestjoerstafel fan de Regio Deal hawwe ynstimd mei de plannen fan oanpak foar trije ûnderdielen fan de Regio Deal Noardwest-Fryslân: it fitalisearringsfûns (€13,55 miljoen), ûndermining (€2 miljoen) en lânskip, lânbou en wetter (€3,2 miljoen). De provinsje draacht €3,45 miljoen by: €1.169.980,- foar it fitalisearringsfûns en €2.275.000,- foar lânskip, lânbou en wetter. It fitalisearringsfûns rjochtet him op doarpsoerstiigjende projekten rjochte op wenjen, soarch en ûnderwiis. De earste subsydzjeronde fan it fitalisearringsfûns iepenet op 1 augustus 2025. De plannen fan oanpak binne opsteld yn gearwurking tusken de gemeenten, it wetterskip en de provinsje. It Ryk ferdûbelet de totale finansiering.
5. Subsydzje Fryslân ûnderweis en bestegingsplan fêststeld
It kolleezje fan Deputearre Steaten hat de subsydzjeregeling Fryslân ûnderweis fêststeld. De subsydzje is foar projekten en inisjativen dy't bydrage oan mobiliteit yn Fryslân. Yn it Bestjoersakkoart 2021-2027 is € 4 miljoen reservearre foar it ferbetterjen fan de mobiliteit. Dêrfoar hat de provinsje yn 2024 yn it ramt fan ‘Fryslân ûnderweis’ ferskate regiogearkomsten hâlden. Earder is €300.000,- bestege oan goedkeapere OV-tickets, €1,5 miljoen oan inisjativen fan ûnderop en €500.000,- oan buertbussen & wykauto's. DS hat besletten dat de restearjende €1,7 miljoen benut wurde sil om te ynvestearjen yn de fierdere ynnovaasje en ferduorsuming fan de mobiliteit yn Fryslân foar de takomst. De earste iepenstelling fan de regeling set fan 3 novimber 2025 útein.
6. Iepenstellingsbeslút GLB 2020-2027 Herstel agrarysk kultuerlânskip op lânboubedriuwen 2025
DS hat it iepenstellingsbeslút fêststeld foar de subsydzjeregeling 'Herstel agrarysk kultuerlânskip op lânboubedriuwen 2025' yn Fryslân. Der is €4 miljoen beskikber foar herstel- en ynrjochtingsinisjativen op lânbougrûnen, rjochte op oanlis en behear fan lânskipseleminten en bosken, effisjinter gebrûk fan wetterfoarsjennings en ferheegjen fan it bioferskaat. Foarbylden binne elzesingels, krûderyk greppellân, natuerfreonlike wâlskanten, ikkerrânen en pingoruines. De subsydzje giet iepen op 4 augustus 2025 en slút op 31 oktober 2025. Der is €2,5 miljoen beskikber foar lânskipsmaatregels en €1,5 miljoen foar wettermaatregels. It subsydzjepersintaazje is 100% útsein by wetterynvestearringen dy't de beskikberens beynfloedzje (70%). Oanfragen kinne yntsjinne wurde troch û.o. lânbouwers, agraryske kollektiven, lânskipsorganisaasjes en gearwurkingsferbannen.
7. Subsydzje foar gemeente Noardeast-Fryslân foar wolfkearende rasters
Bistehâlders yn de gemeente Noardeast-Fryslân kinne no ek oanspraak meitsje op de subsydzjeregeling foar wolfkearende rasters. Koartlyn ha yn de gemeente Noardeast-Fryslân trije wolveoanfallen op skiep west. Op basis fan dy oanfallen hawwe Deputearre Steaten besletten om bistehâlders yn dizze gemeente yn oanmerking komme te litten foar de kalamiteiteregeling út de ‘Subsidieregeling voorkomen schade door wolven provincie Fryslân’. De kalamiteiteregeling is earst foar de moannen july en augustus.
8. Sjenswize gaswinning út it fjild Friesland Follega Woudsend
It ministearje fan Klimaat en Groene Groei hat in konsept Notitie Reikwijdte en detailnivo (c-NRD) opsteld foar de gaswinning út it fjild Friesland Follega Woudsend. It dokumint beskriuwt hokker ûnderwerpen en details ûndersocht wurde moatte foar de miljeu-effektrapportaazje. It konsept rapport leit no op besjen. De provinsje tsjinnet in sjenswize yn oer de c-NRD, omdat it ûnlogysk is dat der al in kar makke wurdt foar in foarkarslokaasje, wylst noch net fêststiet dat gaswinning op dizze lokaasje ek helber en winsklik is. Dêrneist wurdt der omtinken frege foar de kombinaasje fan drinkwetterwinning en gaswinning.
9. Subsydzjeregeling foar Beammen- en Boskenstrategy
De provinsje Fryslân hat besletten om in subsydzjeregeling iepen te stellen foar it realisearjen fan de beammen- en boskenstrategy. Der wurdt €367.500,- beskikber steld foar it realisearjen fan nij bosk en €3.000.000,- foar de refitalisearring fan bosk. De Fryske beammen- en boskenstrategy hat as doel in bydrage te leverjen oan it beheinen fan de effekten fan klimaatferoaring (troch CO2-fêstlizzing) en tagelyk it bioferskaat en de romtlike kwaliteit te fersterkjen. Troch de takende FPLG-maatregelpakketten is sûnt de simmer fan ferline jier sa'n €16 miljoen beskikber foar it realisearjen fan de Fryske beammen- en boskenstrategy.