Beslutelist Deputearre Steaten 6 maaie 2025
1. In werking zetten Frysk Filmfûns
Met de oprichting van de Stichting Frysk Filmfûns investeert de provincie Fryslân jaarlijks €341.642,- in de Friese taal- en cultuursector. Gedeputeerde Staten hebben besloten het fonds tot en met 2028 jaarlijks te ondersteunen. Niet alleen is dit belangrijk voor de vitaliteit van de Friese taal via Friese audiovisuele producties, maar ook voor de bredere culturele sector, met name op het gebied van talentontwikkeling binnen de filmwereld.
2. Mear subsydzje beskikber foar wolfkearende maatregels
Om Fryske bistehâlders stimulearjen te bliuwen om wolfkearende maatregels te nimmen, is de subsydzjeregeling foar de oanskaf fan wolfkearende materialen útwreide. Sa kinne no ek hâlders fan hoefdieren mear subsydzje oanfreegje foar ûnder oare wolfkearende rasters. Ek is it maksimale subsydzjebedrach ferhege nei €30.000,- Dêrneist is it subsydzjegebiet yn Fryslân útwreide. Bistehâlders yn de gemeenten It Hearrenfean, Eaststellingwerf, Opsterlân, Smellingerlân en Weststellingwerf kinne subsydzje oanfreegje.
3. Ramtnota 2026
Alle jierren wurdt in Ramtnota opsteld as basis foar de provinsjale begrutting. Yn de ramtnota wurdt it finansjeel mearjierreperspektyf sketst en wurde foarstellen of weroerwagingen ferwurke. Yn de foarlizzende ramtnota steane de needsaaklike útstellen op ûnder oare it gebiet fan digitale ynfrastruktuer, ûnderhâld en ferduorsuming archeologysk depot Nuis en de fersterking fan de provinsjale organisaasje.
4. Bodemaginda
Provinsjale Steaten fan Fryslân hawwe yn 2022 in startnotysje fêststeld mei as foarnimmen om belied te meitsjen, wêrmei't de wetlike ferplichtingen foar boaiem útwurke wurde en dat dêrneist ynset op it ferbetterjen fan de boaiemfitaliteit. De fitaliteit fan de boaiem hinget gear mei kwantiteit en kwaliteit fan wetter, klimaatadaptaasje, heechwetterbeskerming, takomstbestindige natuergebieten, genôch iten, behâld fan archeologyske en lânskiplike wearde en in sûne libbensomjouwing. Dizze startnotysje is útwurke yn de Bodemaginda dy't hjoed fêststeld is yn DS.