Beslutelist Deputearre Steaten 3 juny 2025
1. Iepenstelling Regeling Sichtberens 2025
De regeling Sichtberens is de útfiering fan ferskate ôfspraken en ambysjes makke en fêststeld yn de BFTK en de taalnota Fansels Frysk op it mêd fan Frysk yn de frije tiid en Frysk by de oerheid. Under dizze regelingen binne aktiviteiten subsidiabel dy’t fuortkomme út taalbeliedsplannen fan desintrale oerheden, aktiviteiten dy’t de sichtberens fan it Fryks yn de iepenbiere romte fergrutsjen en it ynhieren fan meartaligenskoördinatoaren by gemeenten.
2. Berop en beswier tsjin plannen gaswinning Toppenhuzen en Noardwâlde
It ministearje fan Klimaat en Groene Groei (KGG) hat besletten om foar Toppenhuzen twa omjouwingsfergunningen te ferlienen foar (maksimaal) trije ekstra gasboarringen en it ferheegjen fan de deistige gasproduksje fan 400.000 nei 500.000 kubike meter ierdgas. De gemeente Súdwest-Fryslân giet yn berop tsjin dit beslút en tsjinnet dit mei yn út namme fan de gemeente Fryske Marren, Wetterskip Fryslân en de provinsje Fryslân. Dêrneist hat KGG in beslút naam foar ferlinging fan de gaswinning út it gasfjild Noardwâlde. Hjirtsjin tsjinnet Wetterskip Fryslân beswier yn en docht dat mei út namme fan de gemeente Weststellingwerf en de provinsje Fryslân.