Beslutelist Deputearre Steaten 29 septimber 2025

1. Begrutting 2026 en oanfoljend foarstel by de Begrutting 2026

De Begrutting 2026 jout ynsjoch yn de finansjele plannen en ynvestearringen foar 2026 yn Fryslân. By de Kadernota 2026 hat it kolleezje oankundige om by de Begrutting 2026 in oanfoljend foarstel te dwaan oan de Steaten foar de besteging fan de ûntstiene strukturele finansjele romte. Dit útstel is konform tasizzing taheakke.

2. Gebietsadvys op it schetsûntwerp fan it programma Luchtruimherziening

It kolleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslân hat in gebietsadvys útbrocht oan it ministearje op it sketsûntwerp fan it Programma Luchtruimherziening. Yn it advys ûnderskriuwt de provinsje it belang fan in modern en effisjint loftrom, mar freget se mei klam omtinken foar de gefolgen foar ynwenners, leefomjouwing en natuer yn Fryslân. De provinsje seit mei klam dat de útwreiding fan it militêre oefengebiet en ûntwikkelings om fleanbasis Ljouwert hinne de leefberens net skea dwaan meie. Ek makket Fryslân him soargen oer mooglike effekten fan nije fleanrûtes by Lelystad Airport en wizigings by Groningen Airport Eelde op ynwenners en natuer. Dêrom is it wichtich dat regio’s en belutsen organisaasjes fan it begjin ôf goed belutsen wurde by de beslútfoarming.