Beslutelist Deputearre Steaten 27 maaie 2025
1. WaterCampus Monitor 2024
Om de ûntwikkeling fan Wetsus en oare partijen op de Watercampus folgje te kinnen wurdt jierliks de WaterCampus Monitor opsteld. De monitor lit sjen dat der op fierhinne alle Key Performance Indicators (KPI’s) resultaten en groei berikt is. Troch him te ûntwikkeljen as in kampus dêr’t alle relevante eleminten yn gearhing op ûntwikkele wurde, ûntstiet in gehiel dat bydraacht oan ynnovaasje en ekonomyske ûntwikkeling. Yn 2024 binne ûnder oare 14 promoasjetrajekten, 124 ûndersyksprojekten, 3 patinten en 1 spin-off úteinset.