Beslutelist Deputearre Steaten 24 juny 2025
1. Kontoerenskets Omjouwingsfisy Fryslân
It kolleezje fan Deputearre Steaten hat de Contourenschets omjouwingsfisy Fryslân fêststeld. Dêrmei jout DS de bestjoerlike rjochting foar de fernijing fan en foarmet it de opmaat nei de nije Provinsjale Omjouwingsfisy (POVI). Klear foar de takomst, mei sterke stêden en doarpen yn in lânskip fan wrâldklasse. De POVI wurdt mids 2026 foarlein oan Provinsjale Steaten.
2. Fryske Advysvoucherregeling 2025–2027
Provinsje Fryslân stelt goed 2 miljoen euro subsydzje beskikber om it Fryske MKB, bedriuweterreinen en lokale enerzjy-inisjativen te helpen ferduorsumjen. Mei dy regeling kinne ûndernimmers en lokale enerzjykollektiven eksterne ekspertize ynhiere en ferduorsumingsprojekten ûntwikkelje op it mêd fan digitale ynnovaasje, enerzjytransysje, sirkulêre ekonomy en klimaatadaptaasje. De subsydzjeregeling rint oant 2027 en iepenet 24 juny.
3. Undersyk nei weidek N356 by De Falom klear
De provinsje Fryslân hat ûndersyk útfiere litten nei it weidek fan de N356, De Sintrale As, by De Falom. Dêrneist is der in analyze makke fan de glêdensbestriding. Oanlieding foar dit ûndersyk wie dat der op 2 en 3 jannewaris meardere ûngelokken west hawwe, wêrfan ien mei in deadlike ôfrin. Ut it ûndersyk docht bliken dat it weidek foldocht oan de feilichheidsnoarmen en dat der foldwaande struid is. De provinsje Fryslân hat dêrom besletten om de warskôgingsbuorden mei snelheidsbeheining fuort te heljen, mar om de geleiderail previntyf stean te litten, om by mooglike ûngelokken de gefolgen te beheinen.
4. Provinsje mei gemeente en Wetterskip yn berop tsjin fergunning gaswinning
Gemeente Tytsjerksteradiel giet mei út namme fan de provinsje Fryslân en Wetterskip Fryslân yn berop tsjin de omjouwingsfergunning, dy't op 19 maaie 2025 ferliend is foar it útwreidzjen fan de boppegrûnske ynrjochting TID-200 oan de Nijstêd by Burgum. It giet om in fergunning foar ekstra technyske foarsjenningen dy't nedich binne om de maksimale gasproduksje ferheegje te kinnen fan 180.000 nei 450.000 kubike meter deis. Dizze fergunning rint foarút op in nij winningsplan. De Minister fan Klimaat en Groene Groei jout al in omjouwingsfergunning ôf dy't in hegere produksje op lokaasje TID-200 tastiet, wylst der noch gjin fergunning foar in nij winningsplan ôfjûn is.