Beslutelist Deputearre Steaten 23 septimber 2025

1. Subsydzje werbestemme besteande gebouwen nei selsstannige wenromte 

It kolleezje fan Deputearre Steaten hat de nije subsydzjeregeling Herbestemmen bestaande gebouwen naar zelfstandige woonruimte Fryslân 2025 fêststeld. Dêrfoar is in subsydzjeplafond fan €600.000,- beskikber steld. Mei dy regeling wolle wy eigeners stimulearje om besteande gebouwen sawol binnen as bûten stedsk gebiet om te bouwen ta selsstannige wenromten. Dêrmei realisearje wy ekstra wenten, drage wy by oan de leefberens yn doarpen en stêden én kieze wy foar in duorsume wize fan bouwen troch werbrûken fan besteande gebouwen. Oanfragen kinne fia de webside fan de provinsje yntsjinne wurde fan 19 septimber o/m 29 desimber 2025.

2. Provinsje Fryslân lansearret online omjouwing mei biodiversiteitsgegevens

De provinsje Fryslân hat besletten om besteande gegevens en ûndersiken oer it bioferskaat yn Fryslân iepenbier te meitsjen. Fia de nije online omjouwing Resultaten Frysk Bioferskaat kinne ynwenners, ûndersikers en organisaasjes sjen hoe't it giet mei de natuer yn Fryslân. Alle jierren wurde yn Fryslân ûndersyk dien nei planten, bisten en harren leefomjouwing. Bygelyks de jierlikse greidefûgeltellingen of ûndersiken dy't de provinsje útfiert mei help fan spesjale ynsektekamera's. De online omjouwing jout ynformaasje oer oantallen en fersprieding fan soarten bisten en planten, mar ek wat de effekten binne fan it behear en de nommen maatregels.