1. Mear natuer by Alde Feanen

Yn de polder Siderius by Earnewâld wurdt 36 bunder natuer realisearre yn 2024. It realisearjen fan ekstra natuer stiet yn de 4e útfieringsmodule Alde Feanen, dêr't Deputearre Steaten hjoed mei ynstimd hawwe. Yn de útfieringsmodule wurde maatregels tsjin ferdrûging foarsteld dy 't ek mear en bettere ûntwikkeling fan natuer mooglik meitsje. It giet om it gebiet krekt foar de yngong nei Earnewâld, oan de linkerkant fan de Feantersdyk, tusken de Alle om 'e Slachte en de Koaidyk. De 4e útfieringsmodule is opsteld troch de gebietskommisje Alde Feanen, yn opdracht fan de provinsje Fryslân.

2. Subsydzje herstel en ynrjochting lanlik gebiet

Doarpsbelangen, grûneigeners en oare organisaasjes kinne subsydzje krije foar oanlis of werstel fan grienfoarsjenningen of oare lânskipseleminten. It kin gean om beamsingels en leanen, it werstel fan (eardere) boerehiemen, mar ek de oanlis fan histoaryske kuierpaden. De maatregels moatte benammen op net-lânbougrûn plakfine. Subsydzjediabele kosten kinne folslein fergoede wurde. De regeling is iepen fan 30 april oant en mei 31 july. Der jildt in minimaal subsydzjebedrach fan €100.000,-. Yn totaal is €1,7 miljoen beskikber, dêrfan is goed €700.000,- ôfkomstich fan de Europeeske Uny en hast €1 miljoen fan de provinsje.

3. Ferkoarte Natuerdoelanalyzes foar De Grutte Wielen en Snitsermargebiet 

Foar it Frysk Programma Lanlik Gebiet (FPLG) hat it Ryk frege om natuerdoelanalyzes (NDA’s) op te stellen foar de stikstofgefoelige Natura 2000-gebieten. Foar de gebieten Snitsermargebiet en Grutte Wielen binne dizze ferkoarte NDA's makke. 'Ferkoarte' omdat de gebieten stikstofgefoelich binne, mar net oerbelêste. Deputearre Steaten hawwe hjoed besletten om de ‘ferkoarte NDA’ oan te bieden oan de Ecologische Autoriteit.