Beslutelist Deputearre Steaten 20 maaie 2025

1. Heger berop oangeande útspraak rjochtbank Noard-Nederlân oer PAS-melders 

It kolleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslân hat besletten om yn heger berop te gean tsjin de útspraak fan de rjochtbank Noard-Nederlân fan 16 april 2025 oangeande 8 PAS-melders. De rjochtbank hie doe it berop fan de MOB grûndearre ferklearre, wêrmei't opnij ûnwissichheid ûntstie foar de PAS-melders. De provinsje Fryslân hat besletten om tsjin de útspraak yn heger berop te gean en hat earst in pro forma berop ynsteld. Dus earst sûnder beropsgrûnen en om letter de grûnen fan it berop te formulearjen, om alfêst kenber te meitsjen dat de provinsje yn heger berop gean sil.