Beslutelist Deputearre Steaten 2 septimber 2025

1. Subsydzjeregeling fleksibele ynset wenningbou tredde transj 

It kolleezje fan Deputearre Steaten hat de tredde transj fan de subsydzjeregeling fleksibele ynset wenningbou fêststeld. Dêrmei stipet provinsje Fryslân gemeenten by it ferhastigjen fan wenningbou troch ekstra kapasiteit en saakkundigens yn te hieren, bygelyks foar fergunningen, bestimmingsplannen en betelbere wenningen. Foar dizze transj komt goed €1,8 miljoen beskikber, wêrfan €900.000,- fan it Ryk, €450.000,- fan de provinsje en in gemeentlike bydrage. Sa helpt Fryslân gemeenten feart te meitsjen mei wenningbou en by te dragen oan de bou fan 20.400 nije wenningen út de Woondeals.

2. Fergunningferliening Natura 2000 - aktiviteit ûnderdiel stikstof 

It kolleezje fan Deputearre Steaten hat besletten om it útstellen fan de fergunningferliening stikstof mei in jier te ferlingjen, oant maksimaal septimber 2026. It Kabinet hat in Ministeriële Kommisje Ekonomy en Natuerferbettering (MCEN) ynsteld dy't op 25 april in startpakket presintearre hat. Nei ferwachting sil der begjin septimber in konkretere útwurking presintearre wurde fan dizze plannen. Mei de opskortting wol de provinsje Fryslân foarkomme dat oanfregers (bygelyks PAS-melders) ûnnedich tiid kwyt binne of kosten meitsje foar bygelyks leezjes en / of de ynhier fan in ekstern adviseur. Oanfragen sille wol beoardiele wurde, foar safier dat mooglik is, om maatwurk mooglik te meitsjen.

3. Iepenstellingsbeslút GLB 2020-2027 Kennisfersprieding en ynformaasje wetter en boaiem 2025 Fryslân 

It kolleezje fan Deputearre Steaten hat hjoed de nije iepenstelling fêststeld foar kennisfersprieding en ynformaasje oangeande wetter en boaiem binnen it Gemeenschappelijk Landbouwbeleid. Mei dizze iepenstelling komt yn Fryslân €2 miljoen beskikber foar trainingen, workshops, coaching en demonstraasjeprojekten dy't boeren stypje by it duorsumer meitsjen fan harren bedriuwsfiering. De fokus leit dizze kear op wetter en boaiem. Troch kennis te dielen helpe wy boeren better om te gean mei dizze tema’s en drage wy by oan in duorsume ûntwikkeling fan de sektor. Fan it totale budzjet leveret de provinsje goed €840.000,-. Wetterskip Fryslân draacht €300.000,- by en de rest komt út Europeeske middels.