1. Oanpassing omjouwingsferoardering 

Deputearre Steaten hat it ûntwerp fan de oanpassing fan de provinsjale Omjouwingsferoardening fêststeld. Dit ûntwerp leit fan 2 april oant en mei 13 maaie 2024 ta besjen. Ynwenners, organisaasjes en oerheden kinne dy perioade reagearje op de wizige feroardening.

2. Iepenstelling subsydzjeregeling biotoopferbettering greidefûgelgerslannen 

Deputearre Steaten hat de subsydzjeregeling biotoopferbettering greidefûgelgerslannen fêststeld. Dêrmei kinne agraryske kollektiven om subsydzje freegje foar ynvestearrings yn greidefûgelgebieten. Biotoopferbettering betsjut dat der ynvestearre wurdt yn it lânskip, om it lânskip better yn te rjochtsjen foar de greidefûgels. Bygelyks om parten fan it lân te fernatten of om flauwe wâlskanten te kreëarjen wêrtroch 't jonge piken better yn it wetter komme kinne. Oanfragen foar de subsydzje kinne fan 17 april oant en mei 14 juny yntsjinne wurde.

3. Fryslân Ferbynt Dei 

Op 22 juny 2024 fynt de earste Fryslân Ferbynt dei plak. Inisjatyfnimmers kinne fan 16 april ôf €500,- subsydzje oanfreegje foar harren aktiviteiten en eveneminten dy't plakfine op 22 juny. Op dizze dei sille yn hiel Fryslân aktiviteiten wêze foar en mei (potinsjele) frijwilligers fan stichtingen en ferieningen.

4. Startnotysje Beliedsbrief Europa/Dútslândagenda 

Yn it neijier wurdt it de Beliedsbrief Europa/Dútslândagenda oan Provinsjale Steaten foarlein. As tarieding dêrop leit DS in Startnotysje foar oan de Steaten. Dêryn wurdt oanjûn hokker ûnderwerpen yn de Beliedsbrief oan de oarder komme moatte soene en hokker proses it kolleezje folget yn de tarieding fan it nije belied. Yn de Startnotysje wurde fiif fragen formulearre dy't PS beäntwurdzje kinne om dêrmei ynput en stjoering te jaan oan de Beliedsbrief Europa/Dútslândagenda. Nei ferwachting wurdt de Startnotysje yn maaie behannele yn Provinsjale Steaten.

5. Iepenstelling subsydzjeregeling Frysk foar no en letter 

Foar de fiifde kear wurdt de subsydzjeregeling Frysk foar no en letter iepensteld. Skoallen yn it primêr en foarset ûnderwiis yn Fryslân kinne subsydzje oanfreegje foar it Frysk yn harren ûnderwiisprogramma, bygelyks foar de oanskaf fan lesmateriaal of it oanstellen fan ekstra learkrêften. Meïnoar is der dit jier €600.000,- beskikber. Ferline jier is der oan 63 oanfregers subsydzje ferliend.