1. Effektûndersyk nei ielfiskerij 

Provinsje Fryslân sil ûndersyk dwaan nei ielfiskerij mei hoekwant. De frijstelling foar dizze foarm fan fiskerij ferfalt en sûnder fergunning mei der net mei hoekwant op iel fiske wurde. Fergunningen binne no net te ferlienen troch gebrek oan gegevens. Sa is op it stuit net dúdlik oft der fûgelslachtoffers falle troch de fiskerij mei hoekwant. Om't de sektor graach noch in fergunning hawwe wol foar dizze foarm fan fiskerij, hat de provinsje Fryslân yn oerlis mei belutsen partijen besletten om hjir ûndersyk nei te dwaan.

2. Subsydzje foar BoerenNatuur

BoerenNatuur Fryslân krijt dit jier € 150.000, - subsydzje fan de provinsje Fryslân. BoerenNatuur Fryslân is de opfolger fan de Stichting Living Lab Fryslân. Mei it jild wurdt de Fryske lânbou op ferskate wizen stipe. Sa wurde fia de ‘lânbou-advyspool’ yndividuele agrariërs fan advys foarsjoen om harren bedriuw takomstbestindiger te meitsjen. Ek docht de organisaasje oan kennisdieling en praktyktapassings. 

3. Oanpak behear briedende skiere guozzen op It Amelân en Skylge

Skiere guozzen dy't briede op It Amelân en Skylge feroarsaakje hieltyd mear skea oan lânbou en natuer. Dêrom set de provinsje Fryslân útein mei in pilot nei it behear fan briedende skiere guozzen op dizze twa Waadeilannen. Yn in oantal gebieten op de eilannen wurde de guozzen wol beheard, mei ûnder oare ôfskot en it fuortheljen fan guozze-aaien, om de oantallen yn 'e stringen te hâlden. Yn in oantal oare gebieten net.

It doel fan de pilot is om te ûndersykjen wat it ferskil is tusken dy gebieten en oft de maatregels ek echt helpe by it werombringen fan de skea. De pilot kostet mei-inoar €170.000,- foar de perioade desimber 2023 oant en mei 2027.