Beslutelist Deputearre Steaten 16 juny 2025
1. Meisirkulêre 2025 Provinsjefûns
Mei de jierlikse maaiesirkulêre ynformearret it Ryk de provinsje Fryslân oer de ûntwikkelingen fan de ynkomsten út it provinsjefûns. Dizze maaiesirkulêre is basearre op de Voorjaarsnota 2025 dy't op 22 maaie fêststeld is troch de Twadde Keamer. By de algemiene útkearing wurdt it akkres (stiging of ôfname fan it budzjet) oanpast en wurdt de romte ûnder it plafond fan it btw-kompensaasjefûns oer 2024 tafoege. Dat smyt in flinke stiging op fan de algemiene útkearing yn 2025. Yn totaliteit betsjut dat in plus foar it begruttingssaldo fan de provinsje fan €15,5 miljoen yn 2025, €3,7 miljoen yn 2026, €2,1 miljoen yn 2027, €2,8 miljoen yn 2028 en €0,7 miljoen yn 2029. It strukturele saldo nimt troch dizze sirkulêre ta mei €7,5 miljoen en bedraacht €33,1 miljoen.
2. Sjenswize winningsplan Oppenhuizen
It ministearje fan Klimaat en Groene Groei biedt de mooglikheid om in sjenswize te jaan oer it ûntwerp fan it aktualisearre winningsplan Oppenhuizen fan Vermilion. De provinsje Fryslân is fan miening dat it ynstimmingsbeslút wegere wurde moat, omdat de foarstelde gaswinning net feilich en ferantwurde plakfine kin.