1. Kadernota 2025

Alle jierren wurdt in Kadernota opsteld, mei dêryn it finansjeel mearjierreperspektyf en foarstellen foar nij belied of weroerwagingen. Mei it each op de stân fan de Vrij Aanwendbare Reserve (VAR) yn relaasje ta ús wjerstânsratio beheint dizze Kadernota him ta twa foarstellen wêrby't de dekking dêrfoar ek oanjûn is. Yn de Kadernota is ek in oersjoch opnommen fan de temabudzjetten út it Bestjoersakkoart en de stân fan saken dêrfan.

2. Iepenstelling GLB-subsydzjeregeling Gearwurking foar Ynnovaasje 

Gearwurkingsferbannen mei ynnovative ideeën foar de agraryske sektor kinne de kommende perioade subsydzje oanfreegje. De provinsje stelt in regeling iepen fan mei-inoar €2 miljoen. It kin gean oer bygelyks duorsume fertsjinmodellen, konkurrinsjefermogen of in effisjint behear fan natuerlike helpboarnen. Subsydzje is beskikber foar gearwurkingsferbannen dêr't op syn minst ien lânbouwer by belutsen is. Fan de €2 miljoen is €1,14 miljoen provinsjaal jild, it restearjende bedrach komt fan de EU. De regeling is iepen fan 1 maaie oant en mei 15 augustus.