Beslutelist Deputearre Steaten 15 july 2025
1. Fryslân hat beswier tsjin gaswinningfergunning gebiet Akkrum
Vermilion Energy Netherlands hat fan de minister fan Klimaat en Groene Groei in fergunning krigen foar gaswinning út it gebiet Akkrum. Dit gebiet rint globaal fan Snits oant yn de gemeente Opsterlân. De provinsje Fryslân tsjinnet beswier yn tsjin dit beslút en docht dat mei út namme fan Wetterskip Fryslân en de gemeenten Hearrenfean, Smellingerlân, Eaststellingwerf, Súdwest-Fryslân, Opsterlân en De Fryske Marren. De gemeente Ljouwert tsjinnet sels beswier yn. It wingebiet Akkrum leit ûnder al dizze gemeenten.
2. Ferliening subsydzjes Maatschappelijke Plus 2025 Franekeradeel-Harlingen
Oan de gemeente Waadhoeke wurdt subsydzje ferliend foar realisaasje fan projekten fan de ‘maatschappelijke plus’. De projekten ferbetterje de leefberens, meitsje diel út fan de gebietsûntwikkeling Franekeradeel-Harlingen en wurde troch de gemeente útfierd. Der is mei de bydrage fan de gemeente €1 miljoen beskikber foar de doarpen Easterbierrum, Seisbierrum-Pitersbierrum en Tsjummearum.
3. Subsydzje foar Tall Ship Races Harlingen 2026
De Stichting Harlingen Sail krijt in bydrage fan €580.000,- foar de Tall Ship Races 2026 yn Harns. Dit is ek sa ôfpraat yn it bestjoersakkoart. It subsydzje draacht by oan kennisûntwikkeling, arbeid en toerisme. Dit slút oan by it traineeprogramma op de skippen en op de ympuls dy't de Tall Ship Races hawwe op de Fryske ekonomy.