Beslutelist Deputearre Steaten 10 juny 2025
1. Ekstra subsydzje foar wolfkearende maatregels troch taname oanfragen
Troch in tanimmende fraach oan subsydzje foar wolfkearende maatregels, hat de provinsje Fryslân besletten om it subsydzjebudzjet op 'e nij te ferheegjen mei € 500.000,-. Begjin maaie wie der al € 250.000,- ekstra subsydzje beskikber steld. Sûnt de oanpassing fan de regeling yn maaie binne der tsientallen ekstra oanfragen binnen kaam. Dêrtroch is it subsydzjebudzjet, dat begjin maaie beskikber steld is, al hast op. Om bistehâlders safolle mooglik te helpen om wolfkearende maatregels te treffen, wurdt no opnij € 500.000,- ekstra subsydzje jûn.