Ald kommissaris fan de Keninginne Hans Wiegel ferstoarn
Bedrôve hawwe wy kennis nommen fan it ferstjerren fan Hans Wiegel, kommissaris fan de Keninginne fan Fryslân fan 1982 oant 1994. In oprjocht ambassadeur fan Fryslân. Hy is 83 jier âld wurden.
Wiegel wie in markant boechbyld dy’t him op autentike wize mei hert en siel ynset hat foar Fryslân, de provinsje dy’t him o sa leaf wie en dy’t hy trou bleaun is. Oant it lêst ta toande hy him belutsen by Fryslân.
Wiegel hat him yn syn perioade mei sjarme en entûsjasme ynset foar in better en sterker Fryslân en stie mei oan de basis fan de moaie provinsje sa at wy dy hjoed-de-dei binne. Hy hat Fryslân posysje en selsbetrouwen jûn en op de kaart set, alhiel by de Alvestêdetochten fan 1985 en 1986.
Wy sille de bjusterbaarlike en kleurrike bestjoerder nea ferjitte.
Wy winskje syn famylje en neisten sterkte en krêft ta.
Provinsjaal bestjoer fan Fryslân,
drs. A.A.M. Brok, kommissaris fan de Kening
drs. ing. J.J. Algra, sekretaris
A.G. Rosier, griffier