N355 Noardburgum – Twizel

Provinsje Fryslân wurket oan in feiligere N 355 tusken Noardburgum en Twizel. De grutte wurksumheden binne yntusken klear. De dyk is wer iepen foar trochgeand ferkear. Hjirûnder lêze jo wat der noch barre sil en wat dit betsjut foar it ferkear.

Werstelwurksumheden op moandei 26 oktober 

Op moandei 26 oktober 2026 werstelt Provinsje Fryslân it asfalt by de brêge oer de Kuikhornsterfeart (Zwartkruis) en op de paralleldyk tusken de rotonde by Twizel en de ôfslach Jistrum (Kooiweg).

Wannear binne de wurksumheden? 

Op moandei 26 oktober 2026 fiert Provinsje Fryslân herstelwurksumheden út oan it asfalt by de brêge oer de Kuikhornsterfeart (Zwartkruis) en op de paralleldyk tusken de rotonde by Twizel en de ôfslach Jistrum (Kooiweg). 

Oerdeis ûndersykje wy it weidek fan de paralleldyk en wurkje wy de berms ôf. Fan 19.00 oere ôf helje we dêr de boppeste asfaltlaach fuort. Om 21.00 oere begjinne we mei it frezen fan asfalt en it oanbringen fan nij asfalt op de paralleldyk. Fan dat momint ôf wurkje we ek oan it asfalt by de brêge oer de Kuikhornsterfeart. 

De asfaltwurksumheden by de brêge duorje nei ferwachting oant 2.00 oere yn 'e nacht. In pear oeren letter kin de haadrydbaan wer folslein iepen.

Wat betsjut dit foar it ferkear? 

De N355 bliuwt ûnder de wurksumheden iepen foar trochgeand ferkear. By de brêge oer de Kuikhornsterfeart wurdt it ferkear tydlik fia de paralleldyk laat. Ferkearsregelers begeliede it ferkear. 

(Brom)fytsers en fuotgongers wurde ûnder de wurksumheden op de paralleldyk omlaat fia Jistrum fanwege nedige wurkromte en feiligens. De omliedingsrûte is oanjûn mei buorden.

Foar eksepsjoneel transport, foaral lange of swiere weinen, is de trochgong by it wurk nei alle gedachten net mooglik. Hâld hjir rekken mei as jo op moandeitejûn 26 oktober of yn de nacht nei tiisdei 27 oktober oer de N355 ride wolle. 

Wurksumheden yn Noardburgum 

Binnen de beboude kom fan Noardburgum sille wy de N355 ûnderhâlde. Wy lizze ek op 'e hichte fan de Dr. Ypeijlaan in nije oerstek foar fytsers en fuotgongers oan. Foardat wy hjirmei begjinne kinne, moatte earst kabels en liedingen ferlein wurde. Dizze wurksumheden steane pland foar de hjerst fan 2026. 

It ûnderhâld oan de dyk en de oanlis fan de oerstek fine op syn betiidst yn de maitiid fan 2027 plak. Hjirfoar moat de N355 tydlik ôfsletten wurde. Sadree't de planning en de gefolgen foar it ferkear bekend binne, lêze jo dy op dizze side.

Op 'e hichte bliuwe?

Wolle jo op 'e hichte bliuwe fan de wurksumheden oan de N355? Meld jo dan fia de knop oan foar de digitale nijsbrief. Hawwe jo gjin e-mailadres en wolle jo de nijsbrief op papier ûntfange? Nim dan kontakt op mei it klantkontaktsintrum (sjoch gegevens hjirûnder)

Oanmelde nijsbrief

Fragen?

Hawwe jo fragen oer it wurk oan de N355? Nim dan kontakt op mei provinsje Fryslân fia telefoannûmer 058 – 292 59 25 of e-mail provincie@fryslan.frl. Wy binne berikber fan moandei oant en mei freed yn kantoaroeren.