5909 ferkeap rest perselen binnen gemeente Dantumadiel yn de omkriten fan de Falom en Feanwâlden.
De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in oerienkomst te sluten foar de ferkeap fan ferskate rest perselen binnen gemeente Dantumadiel yn de omkriten fan de Falom en Feanwâlden, lykas hjirûnder neier omskreaun stiet:
Kadastrale perselen | Kadastrale oerflakte | Oerflakte yn oerienkomst | Ferskil yn oerflakte |
VWD01I 01172 | 0.04.45 ha | 0.04.45 ha | |
VWD01I 01170 | 0.04.25 ha | 0.04.25 ha | |
VWD01I 01164 | 0.08.60 ha | 0.08.60 ha | |
VWD01I 01326 | 0.24.80 ha | 0.24.80 ha | |
AKW00O 00973 | 0.11.15 ha | 0.11.15 ha |

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 en 2024 heart de provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de oankeap.
De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien werklike gadingmakker. It is hjir te rêden om in transaksje tusken oerheden ûnderinoar. Dizze ferkeap past binnen it provinsjale belied om oerstallige grûn, net nedich foar de útfiering van provinsjale taken of foar de ynset foar oare provinsjale doelen, yn earste ynstânsje oan te bieden oan ko-oerheden (weryndielings proseduere). Yn dit ramt sil de grûn levere wurde gemeente Dantumadiel.
De provinsje is fan betinken dat de keaper de iennige werklike gadingmakker is foar de oankeap fan de oanbelangjende grûn.
Alle werklike gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in keapoerienkomst yn ’e beneaming komme matte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (18-10-2025 publikaasje LC) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.
Kontaktpersoan provinsje Fryslân:
frou S. Steringa, berikber op 058 - 292 50 10 of s.steringa@fryslan.frl