5897 ynbring perseel grûn tichteby de Krûme Swynswei yn Nij Beets
De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in oerienkomst te sluten, wêrby’t de provinsje ynbringt in perseel grûn yn de omkriten fan de Krûme Swynswei yn Nij Beets, lykas hjirûnder neier omskreaun stiet:
Kadastrale perselen | Kadastrale oerflakte | Oerflakte yn oerienkomst | Ferskil yn oerflakte |
BSZ00F 00142 | 12.98.75 ha | 3.14.00 ha | 9.84.75 ha |

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 en 2024 heart de provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de (kavel)ruiling.
De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien werklike gadingmakker omdat keaper in perseel ferkeapet oan de provinsje Fryslân foar de realisaasje fan it Natuer Netwurk Nederlân. Yn ruil dêrfoar krijt keaper dit perseel tadield.
De provinsje is fan betinken dat de keaper de iennige werklike gadingmakker is foar de tadieling fan de oanbelangjende grûn.
Alle werklike gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in (kavel)ruiloerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje
(18-10-2025 publikaasje LC) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.
Kontaktpersoan provinsje Fryslân:
frou S. Steringa, berikber op 058 - 292 50 10 of s.steringa@fryslan.frl