5844 ferkeap ferskate perselen grûn mei (parten) ynfrastruktuer tichteby Nyegea en Gerkeskleaster
De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in oerienkomst te sluten foar de ferkeap fan ferskate perselen grûn mei (parten) ynfrastruktuer tichteby Nyegea en Gerkeskleaster, lykas hjirûnder neier omskreaun stiet:
Kadastrale perselen | Kadastrale oerflakte | Oerflakte yn oerienkomst | Ferskil yn oerflakte |
GTG00N 00370 | 0.00.70 ha | 0.00.70 ha | |
ODG00F 02572 | 0.05.09 ha | 0.05.09 ha | |
ODG00F 03552 | 0.03.55 ha | 0.03.55 ha | |
ODG00F 03553 | 0.05.99 ha | 0.05.99 ha | |
ODG00F 03555 | 0.07.95 ha | 0.07.95 ha | |
ODG00F 03558 | 0.06.80 ha | 0.06.80 ha | |
ODG00F 03564 | 0.00.15 ha | 0.00.15 ha | |
ODG00F 03567 | 0.00.19 ha | 0.00.19 ha | |
ODG00F 03568 | 0.00.08 ha | 0.00.08 ha | |
ODG00F 03570 | 0.00.23 ha | 0.00.23 ha | |
ODG00F 03557 | 0.15.85 ha | 0.15.85 ha |

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 en 2024 heart de provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de oankeap.
De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien werklike gadingmakker, omdat it stikken iepenbiere dyk binne dy't yn it ramt fan de Wet Herverdeling Wegenbeheer oan De Staat oerdroegen wurde.
De provinsje is fan betinken dat de keaper de iennige werklike gadingmakker is foar de oankeap fan de oanbelangjende grûn.
Alle werklike gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in keapoerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (20-09-2025 publikaasje LC) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.
Kontaktpersoan provinsje Fryslân:
frou S. Steringa, berikber op 058 - 292 50 10 of s.steringa@fryslan.frl