5372 ferkeap fan in perseel igge (340 m²) ynklusyf de oanbrochte foarsjenningen, lizzende deunby keaper syn wente yn Akkrum

De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in oerienkomst te sluten foar de ferkeap fan in perseel igge (340 ) ynklusyf de oanbrochte foarsjenningen (dêrby in troch keaper oanbrocht hekwurk), lizzende deunby keaper syn wente, oan Aldskou 8, 8491 MP Akkrum, lykas hjirûnder neier omskreaun stiet:

Kadastrale perselenKadastrale oerflakteOerflakte yn oerienkomstFerskil yn oerflakte
AKM02D 010100.03.40 ha0.03.40 ha0
Bovenaanzicht van het aangeboden perceel.

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 en 2024 heart de provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de oankeap.

De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien serieuze gadingmakker omdat de grûn fysyk ûnderdiel útmakket fan it neistlizzende perseel fan keaper en it feit dat de te ferkeapjen grûnstripe allinnich mar grinzet oan it perseel fan keaper en perselen fan Provinsje Fryslân, is de provinsje fan betinken dat inkeld keaper yn oanmerking komt foar oankeap fan de grûnstripe.

De provinsje is koartsein fan betinken dat de keaper de iennige serieuze gadingmakker is foar de oankeap fan de oanbelangjende grûn.

Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in keapoerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (5 juli 2025) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.

Kontaktpersoan provinsje Fryslân: frou A. Atsma, berikber op 058-292 5166 of grondgebruik@fryslan.frl