5121 ferkeap fjouwer perselen natuer grûn mei tagongswei lizzend oan de Bovenburen te Koudum
De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in oerienkomst te sluten foar de ferkeap fan fjouwer perselen natuer grûn mei tagongswei lizzend oan de Bovenburen te Koudum, lykas hjirûnder neier omskreaun stiet:
Kadastrale perselen | Kadastrale oerflakte | Oerflakte yn oerienkomst | Ferskil yn oerflakte |
KDM00L 00163 | 0.61.55 ha | 0.61.55 ha | |
KDM00L 00164 | 0.96.43 ha | 0.96.43 ha | |
KDM00L 00167 | 3.34.49 ha | 3.34.49 ha | |
KDM00L 01241 | 0.17.75 ha | 0.17.75 ha |

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 en 2024 heart de provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de oankeap.
De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien serieuze gadingmakker omdat keaper 4,16 hektare natuer grûn leveret oan It Fryske Gea wat liedt ta in gruttere behear ienheid foar It Fryske Gea (effisjint behear). Keaper wennet ek geunstiger foar dizze grûn fergelike mei syn hjoeddeistige/hjoeddeiske grûn, wêrtroch't keaper net mear troch Koudum hoecht te riden om by syn perselen te kommen, wat liedt ta in bettere lânbou struktuer. De provinsje is fan betinken dat der net in oare partij op syn minst 4,16 hektare natuer grûn ynbringe kin oan in terrein behearende organisaasje dat liedt ta in effisjinter behear en in bettere lânbou struktuer.
De provinsje is koartsein fan betinken dat de keaper de iennige serieuze gadingmakker is foar de oankeap fan de oanbelangjende grûn.
Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in keapoerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (14-06-2025) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.
Kontaktpersoan provinsje Fryslân:
de hear M.E. Spoelstra, bereikbaar op 058 292 87 17 of m.e.spoelstra@fryslan.frl