5102 ynbring 2 perselen gerslân oan it Utein yn Aldegea
De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in ruiloerienkomst te sluten, wêrby’t de provinsje ynbringt 2 perselen gerslân oan it Utein yn Aldegea, lykas hjirûnder neier omskreaun stiet:
Kadastrale perselen | Kadastrale oerflakte | Oerflakte yn oerienkomst | Ferskil yn oerflakte |
ODG00E 00074 | 2.70.40 ha | 2.70.40 ha | |
ODG00E 00075 | 2.23.20 ha | 2.23.20 ha |

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 en 2024 heart de provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de (kavel)ruiling.
De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien werklike gadingmakker omdat keaper in perseel grûn ferkeapet oan de provinsje Fryslân om mei te wurkjen oan de realisaasje fan provinsjale doelstelling en opjefte. Derom hat de provinsje in grut belang om dizze grûn te ruiljen.
keaper in perseel grûn ferkeapet oan de provinsje Fryslân om mei te wurkjen oan de realisaasje fan provinsjale doelstelling en opjefte. Dêrtroch hat de provinsje Fryslân in reden en belang om mei keaper in oerienkomst te sluten.
De provinsje is fan betinken dat de keaper de iennige werklike gadingmakker is foar de tadieling fan de oanbelangjende grûn.
Alle werklike gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in (kavel)ruiloerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje
(17-05-2025) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.
Kontaktpersoan provinsje Fryslân:
de hear J. Botke, berikber op 058 - 292 89 85 of j.botke@fryslan.frl