5079 ynbring twa perselen wei mei berm oan de Pieter Stuyvesantweg te Oldetrijne
De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in (kavel)ruiloerienkomst te sluten, wêrby’t de provinsje ynbringt twa perselen wei mei berm oan de Pieter Stuyvesantweg te Oldetrijne en dêr bij ûntfangt sân perselen wei oan de Pieter Stuyvesantweg te Oldetrijne, lykas hjirûnder neier omskreaun stiet:
Gemeente | seksje | nûmer | keap/ferkeap | ha | a | ca |
Oudetrijne | G | 452 | koop | 4 | 16 | 00 |
Oudetrijne | G | 38 | koop | 1 | 92 | 60 |
Oudetrijne | G | 410 | koop | 4 | 37 | 50 |
Oudetrijne | G | 844 | koop | 00 | 04 | 85 |
Oudetrijne | L | 384 | koop | 00 | 00 | 99 |
Oudetrijne | L | 392 | koop | 00 | 00 | 66 |
Oudetrijne | B | 2907 | koop | 00 | 02 | 00 |
Oudetrijne | L | 387 | verkoop | 00 | 01 | 29 |
Oudetrijne | L | 391 | verkoop | 00 | 01 | 26 |

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 en 2024 heart de provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de (kavel)ruiling.
De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien serieuze gadingmakker omdat de ruiling fan de perselen wei en berm ûnderdiel útmeitsje fan maatwurk ôfspraken mei wjerpartij oer it effisjint behearen en ûnderhâlden fan de iepenbiere wei.
It is hjir te rêden om in transaksje tusken oerheden ûnderinoar. Dizze ferkeap past binnen it provinsjale belied om oerstallige grûn, net nedich foar de útfiering van provinsjale taken of foar de ynset foar oare provinsjale doelen, yn earste ynstânsje oan te bieden oan ko-oerheden (weryndielings proseduere). Yn dit ramt wurdt de grûn levere oan wjerpartij Gemeente Weststellingwerf.
De provinsje is koartsein fan betinken dat de keaper de iennige serieuze gadingmakker is foar de tadieling fan de oanbelangjende grûn.
Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in (kavel)ruiloerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje
(14-06-2025) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.
Kontaktpersoan provinsje Fryslân:
de hear G. Hoekstra, berikber op 058 292 59 25 of g.hoekstra@fryslan.frl