4659 ynbring ferskate perselen by de spoarline tusken Hurdegaryp en De Westereen

De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in oerienkomst te sluten, wêrby’t de provinsje ynbringt twa parten fan perselen by it treinstatsjon Hurdegaryp en 8 perselen by it treinspoar by de Noarder Omwei, lykas hjirûnder neier omskreaun stiet:

Kadastrale perselenKadastrale oerflakteOerflakte yn oerienkomstFerskil yn oerflakte
HDG00H 02406 (deels)1.32.05 ha0.01.12 ha1.30.93 ha
HDG00A 08209 (deels)0.40.33 ha0.00.11 ha0.40.22 ha
HDG00H 024750.55.10 ha0.55.10 ha 
HDG00H 025020.00.13 ha0.00.13 ha 
HDG00H 025090.01.35 ha0.01.35 ha 
HDG00H 025080.13.05 ha0.13.05 ha 
HDG00H 025100.04.58 ha0.04.58 ha 
HDG00H 024990.00.00 ha0.00.00 ha 
HDG00H 025010.00.71 ha0.00.71 ha 
HDG00H 025070.00.29 ha0.00.29 ha 
Bovenaanzicht van het aangeboden perceel.
Bovenaanzicht van het aangeboden perceel.

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 en 2024 heart de provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de (kavel)ruiling.

De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien serieuze gadingmakker omdat dizze grûn nei it ynfrastrukturele projekt "De Sintrale As" yn in kadastrale situaasje kaam is dy't net oanslút by it behear en bykommende behearsoerienkomsten (as dy op perselen fan tapassing is), wat mei dizze ruiling oplost wurdt. Wederpartij ferfollet dêrby in publike taak troch it behearen fan it spoarnet, wêrtroch't gjin oare partij oanspraak makket op de grûnen.

De provinsje is koartsein fan betinken dat de keaper de iennige serieuze gadingmakker is foar de tadieling fan de oanbelangjende grûn.

Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in (kavel)ruiloerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje 
(18-10-2025 publikaasje LC) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.

Kontaktpersoan provinsje Fryslân: 

de hear M.E. Spoelstra, berikber op 058 - 292 87 17 of m.e.spoelstra@fryslan.frl