4530 ferkeap ferskate perselen (parten) ynfrastruktuer yn de gemeente Smellingerlân

De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in oerienkomst te sluten foar de ferkeap fan ferskate perselen mei (parten) ynfrastruktuer yn de gemeente Smellingerlân, lykas hjirûnder neier omskreaun stiet:

Kadastrale perselenKadastrale oerflakteOerflakte yn oerienkomstFerskil yn oerflakte
ODG00F 030920.01.41 ha0.01.41 ha 
ODG00F 030590.02.60 ha0.02.60 ha 
OTM00K 017260.05.90 ha0.05.90 ha 
ODG00F 031830.04.50 ha0.04.50 ha 
ODG00F 031780.00.30 ha0.00.30 ha 
ODG00F 035321.60.45 ha1.60.45 ha 
ODG00F 035340.03.10 ha0.03.10 ha 
ODG00F 035610.03.65 ha0.03.65 ha 
ODG00F 036011.04.16 ha1.04.16 ha 
Bovenaanzicht van de aangeboden percelen.

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 en 2024 heart de provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de oankeap.

De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien serieuze gadingmakker omdat it stikken iepenbiere dyk binne dy't yn it ramt fan de Wet Herverdeling Wegenbeheer oan de gemeente Smallingerland oerdroegen wurdt.

De provinsje is koartsein fan betinken dat de keaper de iennige serieuze gadingmakker is foar de oankeap fan de oanbelangjende grûn.

Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in keapoerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (20-09-2025 publikaasje LC) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.

Kontaktpersoan provinsje Fryslân: 

frou S. Steringa, berikber op 058 - 292 50 10 of s.steringa@fryslan.frl