De provinsje Fryslân kriget 45 miljoen euro fan it Ryk foar it ophelpen fan stikstofgefoelige natuer. Mei it Provinsjaal Programma Natuer wol de provinsje Fryslân ynsette op in duorsume ferbettering fan de natuer yn de Natura 2000-gebieten en yn libbensgebieten fan kwetsbere plant- en bistesoarten. It programma is ûnderdiel fan de lanlike, strukturele stikstofoanpak fan it ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit.

Deputearre Douwe Hoogland: “It is fan grut belang dat wy de natuer yn de stikstofgefoelige gebieten ferbetterje, sadat it bestindich wurdt en wy it behâlde kinne. Der binne wy fansels al mei dwaande, mar mei dit jild kinne wy noch flugger grutte stappen sette. Dêrom bin ik ek o sa bliid dat wy de beskikking fan 45 miljoen euro tasein krigen hawwe. Yn ‘e mande mei terreinbehearders, it Friesch Particulier Grondbezit en oare Fryske partners hawwe wy in provinsjaal útfieringsprogramma makke mei in ynventarisaasje fan maatregels dy’t de kommende trije jier út ein sette kinne. Ik ha der alle fertrouwen yn dat wy de Fryske natuer mei de belutsen partijen in moaie ympuls jaan kinne.”

Maatregels

Yn Fryslân is der per type gebiet in ynventarisaasje makke fan mooglike maatregels. It giet om it dúngebiet op de eilannen, it leechfean yn it Lege Midden, it heide- en skraallân yn de súdeasthoeke fan de provinsje en it heechfean yn it Fochtelerfean, rûn de grins mei provinsje Drinte. It giet bygelyks om maatregels lykas it stimulearjen fan ferstowing yn de dunen, it ûntwikkeljen en ferbetterjen fan heide, moeras en feanmoasreidlân en it ferbetterjen fan wettersystemen om mear wetter fêst te hâlden yn natuergebieten. De kommende perioade wurket de provinsje Fryslân yn ‘e mande mei belutsen partijen de útfiering fan it Programma Natuer fierder út.