3706 ynbring twa perselen grûn oan de Heawei te Surhuzum

De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in (kavel)ruiloerienkomst te sluten, wêrby’t de provinsje ynbringt twa perselen grûn oan de Heawei te Surhuzum, lykas hjirûnder neier omskreaun stiet:

Kadastrale perselenKadastrale oerflakteOerflakte yn oerienkomstFerskil yn oerflakte
SHZ00A 027262.10.50 ha2.10.50 ha 
SHZ00A 002402.10.70 ha2.10.70 ha 
Bovenaanzicht van het aangeboden perceel.

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 en 2024 heart de provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de (kavel)ruiling.

De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien serieuze gadingmakker om't de grûn dy't de keaper oan de provinsje ruilet ien fan de lêste krúsjale perselen is foar de ynrjochting fan it natuergebiet Surhuzumermieden, en de provinsje net fan betinken is dat der oare gadingmakkers binne dy't foar de ynrjochting fan it natuergebiet Surhuzumermieden, yn deselde graad krúsjaal binne (krúsjaal wol sizze: ien fan de lêste grûneigeners binne, lizzend binnen it NNN-gebiet Surhuzumermieden, dy’t op dit stuit noch gjin natuerbehear op harren perselen útfiere), en hjirby de foarkar hawwe om dizze ynbring van kavels te krijen. Oanbelangjende grûn is foar in grut part ynsletten troch perselen fan keaper en de iepenbiere wei. De situaasje nei ynbring fan dizze grûn is dus ek geunstich foar de lânboustrukteur.

De provinsje is koartsein fan betinken dat de keaper de iennige serieuze gadingmakker is foar de tadieling fan de oanbelangjende grûn.

Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in (kavel)ruiloerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje 
(29-11-2025 LC) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.

Kontaktpersoan provinsje Fryslân: 

de hear M.E. Spoelstra, berikber op 058 - 292 87 17 of m.e.spoelstra@fryslan.frl