3706 ynbring trije perselen grûn oan de Heawei te Surhuzum

De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in oerienkomst te sluten, wêrby’t de provinsje Fryslân ynbringt trije perselen grûn oan de Heawei te Surhuzum, lykas hjirûnder neier omskreaun stiet:

Kadastrale perselenKadastrale oerflakteOerflakte yn oerienkomstFerskil yn oerflakte
SHZ00A 020981.00.80 ha1.00.80 ha 
SHZ00A 020991.06.60 ha1.06.60 ha 
SHZ00A 002402.10.70 ha2.10.70 ha 
Bovenaanzicht van de aangeboden percelen.

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 en 2024 heart de provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de (kavel)ruil.

De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien serieuze gadingmakker omdat de grûn dy't de keaper oan provinsje ruilet ien fan de lêste krúsjale perselen is foar de ynrjochting fan it natuergebiet Surzumermieden, en de provinsje net fan betinken is dat der oare gadingmakkers binne dy't foar de ynrjochting fan it natuergebiet Surzumermieden yn deselde graad krúsjaal binne (krúsjaal wol sizze: ien fan de lêste grûneigeners binne, lizzend binnen it NNN-gebiet Surhuzumermieden), mar dy't soks dwaan wol. Dêrneist is in part fan de oanbelangjende perselen foar in grut part ynsletten troch perselen fan keaper. De provinsje is fan betinken dat it winsklik is om de te ferkeapjen perselen te ûntsluten fia de oanlizzende perselen en net fia in nije ûntsluting fan de iepenbiere wei ôf. Dêrby stelt keaper eigen grûnen tichteby beskikber foar de realisaasje fan it natuergebiet Surzumermieden.

De provinsje is koartsein fan betinken dat de keaper de iennige serieuze gadingmakker is foar de tadieling fan de oanbelangjende grûn.

Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in (kavel)ruiloerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje 
(22-11-2025 LC) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.

Kontaktpersoan provinsje Fryslân: 

de hear M.E. Spoelstra, berikber op 058 - 292 87 17 of m.e.spoelstra@fryslan.frl