2383 ferkeap ferskate perselen wetter oan en tichteby de N381 tusken Donkerbroek en Oosterwolde
De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in oerienkomst te sluten foar de ferkeap fan ferskate perselen wetter oan en tichteby de N381 tusken Donkerbroek en Oosterwolde, lykas hjirûnder neier omskreaun stiet:
Kadastrale perselen | Kadastrale oerflakte | Oerflakte yn oerienkomst | Ferskil yn oerflakte |
DKB00E 01134 | 0.03.25 ha | 0.03.25 ha | |
OTW02D 02429 | 0.07.32 ha | 0.07.32 ha | |
DKB00E 00981 | 0.00.04 ha | 0.00.04 ha | |
OTW02C 07027 | 0.04.50 ha | 0.04.50 ha | |
DKB00E 01159 | 0.63.01 ha | 0.63.01 ha | |
OTW02D 02400 | 0.01.20 ha | 0.01.20 ha | |
DKB00F 00545 | 0.63.15 ha | 0.63.15 ha | |
DKB00E 01198 | 0.02.07 ha | 0.02.07 ha | |
LPH00G 02097 | 0.05.23 ha | 0.05.23 ha | |
DKB00E 01192 | 0.02.42 ha | 0.02.42 ha | |
DKB00E 01185 | 0.01.14 ha | 0.01.14 ha | |
DKB00E 01200 | 0.00.82 ha | 0.00.82 ha |

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 en 2024 heart de provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de oankeap.
De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien serieuze gadingmakker omdat de oanbelangjende stripen wetter yn it fjild ûnderdiel útmeitsje fan de dêrnjonken lizzende perselen grûn/wetter fan keaper. Foar it effisjinter útfieren fan wetterbehear is it winsklik de stripen wetter oan Wetterskip Fryslân te ferkeapjen. Dêrtroch hat de provinsje Fryslân noch in oanfoljende reden en belang om mei keaper in oerienkomst te sluten.
Dêrnjonken hat de keaper ferskate stripen grûn/wetter oan de provinsje Fryslân levere foar de oanlis/ferbreding fan de N381. Dêrtroch hat de provinsje Fryslân noch in reden en belang by it sluten fan in oerienkomst mei de keaper.
De provinsje hat foar de útspraak fan ’e Hege Rie mei de keaper oerienstimming berikt oer de ferkeap van de oanbelangjende perselen grûn/wetter. It feit dat dy oerienstimming op dit stuit noch net fia de keapoerienkomst útfierd is, docht neat ôf oan ’e oerienstimming dy’t berikt is. De Provinsje Fryslân is fan betinken dat de algemiene begjinsels fan behoarlik bestjoer ek meibringe dat in betroubere oerheid him oan de ôfspraken dy’t makke binne heart te hâlden, om misbrûk fan it betrouwensbegjinsel foar te kommen.
De provinsje is koartsein fan betinken dat de keaper de iennige serieuze gadingmakker is foar de oankeap fan it oanbelangjende wetter.
Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in keapoerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (30-08-2025 advertinsje LC) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.
Kontaktpersoan provinsje Fryslân:
frou H. Terpstra-Seepma, berikber op 058 292 58 60 of h.terpstra@fryslan.frl